Omrop Fryslân

Grutte kontrôledei yn it lân en op it wetter: "Het milieu kan zichzelf niet verdedigen"

Tafersjochhâlder Arjen Mennega docht in kontrôle op it wetter
© Omrop Fryslân
De FUMO, plysje, ferskate gemeenten en oare partijen hawwe tiisdei in grutte kontrôle útfierd. Mei meardere hanthaveningteams waard kontrolearre op benammen miljeu-oertrêdingen.
Sa'n dei kin essinsjeel wêze om de natuer en it miljeu te beskermjen, fertelt Jolanda Zuidema-van der Berg fan de FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing).
"Het milieu kan zichzelf niet verdedigen. De instanties slaan de handen ineen om zo een slag te slaan."
Gewoanwei hat elke ynstânsje syn eigen gebiet, mar foar dizze dei is dat oars. "Iedereen mag vandaag actief zijn in heel Fryslân. Je krijgt zo ook informatie die je normaal gesproken niet krijgt."
Jolanda Zuidema-van der Berg, ôfdielingshaad Toezicht en Handhaving by de FUMO
© Omrop Fryslân
De dei stiet net allinnich yn it ramt fan it opspoaren fan oertrêders, mar benammen fan de gearwurking en kennisútwikseling tusken de partijen.
Sa dogge ûnder oare Wetterskip Fryslân, de NVWA, Veiligheidsregio Fryslân. Steatsboskbehear en It Fryske Gea mei oan de aksje.
Grutte hanthaveningaksje yn Fryslân
Ien fan de minsken dy't oan dizze dei meidocht is tafersjochhâlder Tienet Fledderus. Tegearre mei har kollega is se it bûtengebiet fan Lúkswâld yngien om mei in drone te fleanen.
"We zijn aan het kijken wat we aantreffen op het gebied van dumpingen", fertelt se. Dêrfoar sjocht se op in skermke fan de controller. "Dumpingen zijn slecht voor het milieu."
Tafersjochhâlder Tienet Fledderus is drok oan it fleanen mei de drone
© Omrop Fryslân
Se hat dizze dei noch neat frjemds oantroffen, mar yn it ferline wol.
"We hebben al een aantal keer drugsdumpingen gehad. Dat wil je echt niet in de sloten en buitengebied hebben."
Fierder komt se geregeld ôffaldumpingen tsjin.
Foar hjoed hopet foar harsels se noch op in fangst. "Maar voor het milieu natuurlijk niet."
Waarom zou je een jongen van 16 die met goede bedoelingen vist een boete geven?
Tafersjochhâlder Arjen Mennega jout faak earst in warskôging
By Wolvegea fart tafersjochhâlder Arjen Mennega mei in kollega fan de NVWA yn it kanaal. Sels neamt er syn rol "een gastheer op het water".
Hy sjocht foaral út nei fiskers. Fiskers binne ferplichte in fiskerspas by harren te hawwen. Fierder meie se net fiskje mei libjend of keunsties en se moatte oer it goede materiaal beskikke.
"Er zijn ook beschermde vissoorten waar je niet op mag vissen", fertelt er. Benammen de jongere generaasjes witte dat faak net, sjocht er,
Fuortendaliks in boete útdiele, docht Mennega net faak.
"Meestal een waarschuwing en een goed gesprek. Er is ook veel onwetendheid. Waarom zou je een jongen van 16 die met goede bedoelingen vist een boete geven?"

Resultaten kontrôledei

Der binne tiisdei goed fyftich kontrôles útfierd. Der is ûnder oare kontrolearre op fiskfergunningen, fergunningsplichtige aktiviteiten, ferbrâning fan ôffal, bistewolwêzen en bedriuwsaktiviteiten.
Dêrby binne meardere offisjele warskôgingen en in tal prosessen-ferbaal útdield. Ek is der op asbest kontrolearre.
De FUMO ûndersiket noch ferskate bedriuwen dy't mooglik net oan de regels foldogge. De organisaasje sprekt fan in relatyf rêstige kontrôledei.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.