Omrop Fryslân

Grutte plysjekontrôle by wettersportbedriuwen yn De Fryske Marren

Ek yn de wettersport kin bygelyks it heeljen fan guod foarkomme
© Shutterstock.com (Roman Bjuty)
De plysje en de hanthavening fan De Fryske Marren hawwe in grutte kontrôle útfierd tsjin ûndermining yn de wettersport.
By tal fan wettersportbedriuwen yn de gemeente is in check dien, om te sjen oft alles neffens de regels ferrint.
Yn de measte gefallen hiene de bedriuwen de boel op oarder, lit de gemeente witte.
Mar der wiene twa útsûnderingen. By ien bedriuw hat de plysje in bûtenboardmotor yn beslach naam en by in oar bedriuw in sloep. De plysje tinkt dat dy stellen binne.
Dat wurdt op dit stuit fieder ûndersocht. By de kontrôle waard sjoen oft de oankeapen korrekt yn it Digitaal Opkopers Register (DOR) registrearre binne. Dat is in ferplichte register foar hannelers yn twaddehânsk guod.
De Fryske Marren hopet dat de yntegrale kontrôle helpt by it foarinoar krijen fan in earlike en feilige sektor.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.