Omrop Fryslân

"Ajax hat it net foarinoar": Hearrenfeanfans binne de dupe

Sportcast mei Geert Jelle de Vries
© Omrop Fryslân
Sportklup Hearrenfean moat, as it de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal hellet en tsjin Ajax spylje moat, wegerje om yn Volendam te spyljen. Der is opskuor oer ûntstien omdat útfans by in mooglike play-offfinale yn Volendam net wolkom binne.
It is in yngewikkelde situaasje. Ajax kin de play-offs net yn de eigen Johan Cruijff Arena spylje, om't der in konsertrige fan Harry Styles pland stiet. Dêrom wike de Amsterdammers út nei Volendam, sa is al earder bepaald.
No hat de boargemaster fan de gemeente Edam-Volendam besletten dat útsupporters net wolkom binne. Dat nei oanlieding fan de ûngeregeldheden dy't snein ûntstiene nei FC Volendam-Telstar.
"Skandalich", seit sportferslachjouwer Roelof de Vries. Hy fynt dat de ferskate partijen sizze moatte: "We sykje in oar plak en oars spylje we dy wedstriid net. Je spylje foar de supporters en as dy net nei de wedstriid ta kinne, moatte je net fuotbalje."
FC Grins is yn alle gefallen it slachtoffer, want dat moat yn de earste ronde fan de play-offs út tsjin Ajax. Mocht Ajax winne en Hearrenfean ferslacht Utrecht, dan krije ek de Feansters dermei te krijen.

Sportcast harkje of sjen

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Willem Vermeltfoort prate dy alle moandeis ûnder lieding fan presintator Arjen de Boer by oer it fuotbalnijs yn de Sportcast. Faak mei in nijsgjirrige gast.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries hat in advys foar fuotbalbûn KNVB. "Kinst it hiel simpel oplosse: Ajax hat it net foarinoar, want sy kinne net yn it eigen stadion spylje. Dus dan moat it mar omdraaid wurde."

Fyftjin nije spilers

SC Cambuur presintearre ferline wike de earste nije oanwinst yn de persoan fan Morgan Costarelli, in 21-jierrige Frânske linkerferdigener. Dêr sil it beslist net by bliuwe, as it oan Geert Jelle de Vries leit.
Hy tinkt dat Lars Lambooij, de technysk manager fan de Ljouwerters, oan de bak moat. "Ik ferwachtsje dat der noch in pear spilers fuortgeane en dan sille der fyftjin by moatte. Der moat in kompleet nij middenfjild en in nije oanfal komme."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.