Helje fuotbalfreonen Luuk Brouwers en Jort van der Sande de Fryske derby?
Luuk Brouwers en Jort van der Sande binne al mear as tsien jier befreone, mar se soene kommend seizoen ek tsjinoer inoar stean kinne. De ien as oanfierder fan Sportklup Hearrenfean, de oar as oanfalslieder fan SC Cambuur.
Op 10 april 2015 makket de dan 16-jierrige Luuk Brouwers syn debút yn it earste fan FC Den Bosch. Hy is de ferfanger fan Jort van der Sande, dy't dan 19 jier is. It twatal rekket yn dy perioade goed befreone.
Mei Mats Deijl en Rúben Rodrigues, ek âld-spilers fan Den Bosch, foarmje se in hechte freonegroep. "We spreken elkaar in groepschats dagelijks en individueel wekelijks", seit Brouwers.
Takom seizoen soene Brouwers en Van der Sande tsjinoer inoar stean kinne yn de Fryske derby. Dochs liket dy kâns net megagrut. Sterker noch: Brouwers skat de kâns op 'mar' 25 persint.
The American Dream
Beide manlju hawwe noch in kontrakt foar ien jier by harren Fryske klup, mar de kâns liket net grut dat Brouwers dat úttsjinnet. Hy hat earder al oanjûn iepen te stean foar in bûtenlânsk aventoer.
Dêr komt by dat er dit seizoen minder spilet as de ôfrûne jierren. Dêrom neamt er it oant no ta in 'vervelend seizoen'. "Ik heb nooit het helemaal het gevoel gehad dat ik gebruikt word, zoals ik gebruikt kan worden. Dat knaagt vanaf het begin."
Amearika liket de 28-jierrige Noard-Brabanner wol wat. "Ik heb geen zin om nog een jaar op de bank te zitten. Maar ik ben nog niet weg hé? Mocht ik weggaan, lijkt de MLS (de Amearikaanse fuotbalkompetysje, red.) me heel erg mooi."
Sportcast harkje of sjen
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Willem Vermeltfoort prate dy alle moandeis ûnder lieding fan presintator Arjen de Boer by oer it fuotbalnijs yn de Sportcast. Faak mei in nijsgjirrige gast.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
Al soe Van der Sande ek noch in transfer meitsje kinne, tinkt syn fuotbalmaat. "Er wordt heel erg naar mij gekeken, maar misschien staat FC Barcelona wel in de rij voor Jort", laket Brouwers.
Dochs hoege de Cambuurfans net benaud te wêzen dat Van der Sande de klup ferlitte sil. Hy stiet nammentlik, op tritichjierrige leeftiid, foar syn earedivyzjedebút.
"Ik wil het wel eens zien in de Eredivisie", seit de spits, dy't ôfrûne seizoen njoggen goals makke. "Het is wel leuk om het hoogst haalbare in Nederland aan te tikken."
Brouwers hat fertrouwen yn syn maat. "Ik denk dat Jort een onderschatte speler is en het zeker aankan."