Omrop Fryslân

Coachende heit helpt fierljepper Germ Terpstra: "As lytse poppe woe hy al klimme"

Heit Wim Terpstra en soan Germ ljeppe nei grutte hichte
© Martin de Jong
Heit Wim (42) en soan Germ Terpstra (20) fan Tsjom binne al in libben lang oan it fierljeppen. Germ is in toptalint en dat tankt hy ûnder oare oan de coaching fan syn heit.
"Hy wie njoggen moannen âld, doe woe hy al klimme", fertelt Wim Terpstra, wylst hy yn Burgum nei de skâns sjocht.
Dêr begûn woansdei it fierljepseizoen 2026 mei in ynhelwedstriid, dy't sneon net ljept wurde koe.

Tomme omheech

Germ makket de pols klear om in sprong te meitsjen. Syn heit en coach stiet efter him oan de ein fan de skâns en sjocht oft Germ de pols goed yn it wetter set. In tomke omheech folget en Germ rint werom nei de ein fan de skâns.
"Net lang dêrnei rûn hy ûnder in tafel troch. Hy is motoarysk goed ûnderlein en dat helpt fansels enoarm."
Wim sjocht nei syn soan, Germ krijt de lêste oanwizings en knikt. It 20-jierrige talint set útein en draaft mei in pear grutte stappen rjochting de pols.
"Je hoege it Germ mar ien kear wat foar te dwaan en hy docht it fuortendaliks nei", seit er. "Ik liet him in bytsje jonglearje en al rap fleagen de ballen fan hân nei hân."
Germ Terpstra krijt coaching fan syn heit Wim Terpstra
© Dijks Media
It Burgumer publyk sjocht ferwachtingsfol as Germ yn de pols klimt. Yn syn junioarejierren (16-19 jier) sprong hy regelmjittich fierder as de senioaren (20+).
Mar ek by de bêste masines sit der wolris sân yn 'e motor. Terpstra komt net lekker út en falt yn it wetter.
"Dat heart derby", knikt Wim, as syn soan út it wetter klimt. "Mar dat is no krekt it moaie fan dizze sport. It is technysk sa'n puzel en dat makket it no krekt wat it is."
Ik fyn klimmen echt machtich.
Germ Terpstra
As Germ Terpstra sân jier âld is, makket hy syn earste sprong op de skânsen fan de fierljepferiening yn Winsum. De sport grypt him fuortendaliks en lit him nea wer los.
"Ik fyn klimmen echt machtich", fertelt Germ. "It gefoel as je troch de loft fleane kin ik net omskriuwe, dat moatte je gewoan ûnderfine."
As lyts jonkje is Germ al tegearre mei syn heit op de skâns te finen
© Eigen foto
"Wy seagen wol dat hy talint hie", seit Wim. "Mar it gong ús der om dat er de motivaasje hâlde koe. Ik fyn dat je in sport dwaan moatte dy't je leuk fine. Hy hat der wille yn en dat is it wichtichste."
Germ makket namme en groeit út ta in echte prizepakker. By de junioaren folgje Fryske en Nederlânske kampioenskippen, hy skriuwt meardere kearen histoarje.
Ferline jier helle hy as junior de Sulveren Pols foar de fierste sprong op it Frysk Kampioenskip binnen. Hy wie nei Hannes Scherjon yn 2006 de twadde dy't dat oprêde.

Foar it earst by de senioaren

Dit jier ljept Germ foar it earst by de senioaren en dus moat it talint hielendal ta waaksdom komme. Ekstra druk smyt it lykwols net op.
"In skâns is in skâns, in pols is in pols en wetter is wetter," seit de filosoof fan Tsjom. "Yn hokker klasse je ek sitte, dat hindert neat. It giet derom dat je je bêst dogge."
Terpstra yn it sânbed by de seizoensiepening fan it fierljeppen 2026
© Dijks Media
Mar hoe is it om de motivaasje te hâlden as de ferwachtingen sa heech binne. Germ is topfavoryt, docht bliken út rûnfraach by it publyk.
"We dogge allegearre oefeningen om dêrmei om te gean", seit Wim. "Dan moatst tinke oan sykheljen en prate oer de wedstriden."

As earste Fries ea oer de 22 meter?

De grutte fraach dy't leafhawwers dwaande hâldt is oft Germ it ultime helje kin: as earste Fries ea oer de 22 meter springe.
It rekôr stiet op namme fan Jacco de Groot mei 22 meter en 21 sintimeter. De Terpstra's dreame derfan, mar wolle it net al te lûd útsprekke.
Terpstra is in fierljeptalint
© Dijks Media
"As ik it net helje, begjint elkenien te eameljen oft ik it al helle ha. Dat wol ik net, ik wol gewoan myn ding dwaan."

Twa kear wiet, dochs winst

Mar dat rekôr leit miskien noch wol wat te fier yn 'e takomst. Earst dy wedstriid yn Burgum mar.
Germ komt twa kear yn 't wetter telâne en is der dan klear mei. Hy set de pols goed del en makket de winnende sprong.
"Ik wie wat te folle mei de pols oan it gokken troch dy te fier yn it wetter te setten. Dat ha ik no ek fuortendaliks wol ôfleard", seit Germ, as hy de tas ynpakt en klear is om tegearre mei heit Wim fuort te gean.
De manlju prate nei oer de wedstriid en sjogge noch ien kear efterom nei de skâns. "Je moatte de kop der wol by hâlde."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.