Omrop Fryslân

Rekôr op rekôr, in comeback en ôfskie fan ikoanen: it fierljeppen hie alles

Germ Terpstra
© Martin de Jong
Mei in fenomenale Germ Terpstra op it NK Fierljeppen op It Heidenskip is der in ein kaam oan it fierljepseizoen. Us analisten sjogge werom op de hichtepunten fan dit jier.
Analisten en âld-ljeppers Klaske Nauta en Hendrik Haanstra sjogge fjouwer dúdlike hichtepunten.

1. Wurdt Germ Terpstra de bêste fierljepper ea?

"As je ien hichtepunt neame kinne, dan is it wol Germ Terpstra," seit Haanstra.
Terpstra wûn dit jier hast alle wedstriden en skreau grutte titels as it Frysk Kampioenskip, it Nederlânsk Kampioenskip, de Nasjonale Fierljep Manifestaasje en de Twakamp op syn namme.
De fierljepper fan Tsjom is 19 jier âld en springt noch yn de junioareklasse oant 20 jier. Dochs springt hy no al gauris fierder as de senioaren.
Germ Terpstra belibbe in topseizoen
© Martin de Jong Fotografie
"Fregest dy by him écht elke kear wer ôf: wêr einiget dit? Der sprong noch nea in Fries oer de 22 meter, mar hy soe dat kinne", seit Haanstra.
"Ik fyn it moai om in bytsje te prikeljen altyd, dus ik stel de fraach gewoan. Wurdt Germ Terpstra de bêste fierljepper ea?"
Neffens Haanstra komme de prestaasjes ek troch de konkurrinsje dy't Terpstra hat. "Michiel Zijlstra wol ik écht neame yn dit ferhaal. Hy is tegearre mei Germ ien fan de grutte nammen dit seizoen."
"Dy twa manlju ha in topjier delsetten en tille inoar nei grutte hichte. Sy ha inoar nedich en dat makket it foar alle twa leuk."

2. It nivo fan de froulju groeit enoarm

"Foar my persoanlik springt ien ding der wol echt boppeút", seit Nauta. "Dat is it nivo fan de froulju dat de ôfrûne jierren echt enoarm tanaam is."
Klaske Nauta is hikke en tein yn it fierljeppen en waard Frysk én Nederlânsk kampioen. Yn 2017 hold sy op mei de sport om't sy it net mear kombinearje koe mei har deistich libben.
"Yn myn tiid koene je mei in 15-meter sprong Nederlânsk kampioen wurde, no hellest de finale net iens."
Hendrik Haanstra, Willem Vermeltfoort en Klaske Nauta dogge ferslach
© Martin de Jong fotografie
"Sjoch ek mar nei de Nasjonale Fierljep Manifestaasje fan 2 augustus. Doe siet elkenien nei de froulju te sjen, want dêr wie it spannend. Se sprongen fier, en wiene echt oan inoar weage. Dat barde foarhinne nea."
"Marrit van der Wal makke dit seizoen har comeback ek. Sy hat it rekôr by de froulju (18.19) en wûn it FK. Dat sa'n sterke namme werom is, seit genôch."

3. It ôfskied fan ikoanen

"It klinkt nuver, mar is in ôfskied ek in hichtepunt te neamen?" Haanstra doelt op it ophâlden fan twilling Oane en Ysbrand Galama (40) en Nard Brandsma (35).
Twilling Oane en Ysbrand ljepten de measte sprongen ea
© Martin de Jong fotografie
De trije fierljeppers binne hikke en tein op It Heidenskip en hellen ferskate titels binnen. De Galama's stean alle twa yn de top fiif fan measte sprongen ea.
"Fansels hoopje je dat se bliuwe, mar je moatte as sporter ek in kear ophâlde spitigernôch. Dan fyn ik alles dat sy dien ha foar de sport wol in hichtepunt", seit Haanstra.
"As frijwilliger by de klup sels, mar ek as ambassadeurs fan de sport. Sy waarden ferneamde Friezen, sa folle kamen sy op tv. Uteinlik ha sy alle trije in geweldige karriêre hân en stean se yn de skiednisboeken."

4. Sintimeterwurk en takomstperspektyf

"It moaiste dit jier wiene de minimale ferskillen yn de klassen by de famkes en de jonges", seit Nauta. Neffens har kaam dat it bêste nei foarren op it FK yn Winsum.
Jorrit Bouwstra waard úteinlik mei 17.82 kampioen, wylst Reinder Haanstra 17.81 op it boerd sette. In ferskil fan in sintimeter dus.
"Dat is echt neat en dus lei it ek hiel ticht by inoar. Dat makke it by de jonges moai dat elke wike in oar hast wûn. By de famkes wie dat krekt sa en is it ek hieltyd oare winners. Dat makket it foar elkenien leuk en dêrtroch ha ik ek fertrouwen yn de takomst fan de sport", beslút Nauta.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.