Zagaritis is twivelgefal tsjin Ajax, mooglik wer spyltiid foar Rivera
Sportklup Hearrenfean moat it snein yn de lêste kompetysjewedstriid tsjin Ajax miskien dwaan sûnder Vasilios Zagaritis. De Griek foel blessearre út op de training. Se sille sneon sjen hoe't hy herstelt.
Maxence Rivera foel trije wiken lyn út mei in hamstringblessuere, mar hy kin miskien tsjin Ajax wer wat minuten meitsje. Trainer Robin Veldman is hoopfol. "Voor een basisplaats tegen Ajax is het nog te vroeg. We wilen geen risico nemen, maar hij kan mogelijk invallen."
Andries Noppert keart werom fan in rêchblessuere en nimt wer plak op de bank.
Belangen foar Ajax grutter
Hearrenfean stiet no sânde en is al wis fan dielname oan de play-offs. It iennige wat noch op it spul stiet, is FC Utrecht passearje op de ranglist. As dat slagget, dan spilet Hearrenfean tongersdei om 21.00 oere in thúsduel tsjin FC Utrecht yn de heale finale fan de play-offs. As dan net slagget, dan wurdt it in útwedstriid tsjin FC Utrecht.
Snein om 14.30 oere wurde alle wedstriden tagelyk spile. FC Utrecht spilet thús tsjin Fortuna Sittard, dat al útspile is.
Ajax stiet op dit stuit fyfde en hat noch alles om foar te spylje. Se kinne noch de foarronde Champions League helje, mar as se ferlieze, dan moatte se ek play-offs foar de Conference League spylje.
Robin Veldman oer de wedstriid tsjin Ajax
Veldman wurke fan 2017 oant 2021 as jeugdtrainer by Ajax. "Ik zie nog steeds heel veel kwaliteit. Als je kijkt naar spelers als Mika Godts of Youri Baas", seit hy.
"Toen ik bij Ajax werkte, zag je dat het een geoliede machine was. Dat ze het veld opgingen met de gedachte: we gaan hoe dan ook winnen. Nu zijn het ups en downs. Nu krijg je het gevoel dat we kunnen winnen. Maar dan moeten wij ook goed zijn."