Lilke klant ûntkent brânstichting by autobedriuw yn Ljouwert: "Wil je me doodhebben?"
In 58-jierrige man út Ljouwert moat mooglik 30 moanne de finzenis yn foar brânstichting by in autorecyclebedriuw yn Ljouwert foarich jier.
Neffens it Iepenbier Ministearje stuts de man yn de betide moarn fan 8 novimber 2025 bewust in auto yn 'e brân op it terrein fan it bedriuw oan de James Wattstraat.
Op kamerabylden fan it terrein is te sjen hoe't moarns betiid in sulverkleurige Mercedes by it terrein oanriden komt.
In persoan stapt út mei in jerrycan yn de hân, slacht in sydrút fan in Mini Cooper yn en jit benzine yn de auto. Koart dêrnei ûntstiet brân.
It fjoer slaat oer nei oare auto's. Yn totaal rekken 25 auto's skansearre.
Skeel mei klant
Eigener Manuel Bondo fan it autorecyclebedriuw werkende de auto op de bylden fuortendaliks. Hy hie de Mercedes twa wike earder ferkocht oan de fertochte.
Dêrnei ûntstie der skeel oer de auto, om't de nije eigener neffens eigen sizzen ferskate mankeminten ûntduts.
Yn berjochten oan de garaazjehâlder skreau de fertochte ûnder mear: "Wil je me doodhebben?"
Bondo soe him letter in part fan it jild weromjûn hawwe, mar de spanningen bleaunen.
Yn in opnommen petear sei hy: "Ik zweer het. Als jullie me allemaal nog een keer gekmaken, dan betalen jullie de prijs.."
De fertochte erkende dat er dy wurden sein hie, mar neffens him wie it gjin bedriging. "Het waren alleen woorden", sei er tsjin de rjochtbank.
De fertochte hâldt fol dat er ûnskuldich is. "Ik heb geen reden om een garage in de fik te steken", sei er.
Fersekeringsjild
Neffens him besiket Bondo him deryn te lúzjen. De fertochte beweart dat de garaazjehâlder him sels frege om brân te stichtsjen, sadat hy fersekeringsjild opstrike koe.
Dat ferhaal like sawol de rjochtbank as it Iepenbier Ministearje net oannimlik, omdat it bedriuw net fersekere wie tsjin brân.
Dêrneist komt de auto fan de fertochte oerien mei dy op de kamerabylden, ek it part fan de kentekenplaat dat te sjen is.
Telefoan útset
De fertochte strúnde dy nacht yn syn auto troch de stêd. Syn telefoan waard krekt foar de brân útset en net lang dêrnei wer oan.
De fertochte ferklearre dat syn batterij leech wie.
Op de bylden is te sjen dat de brânstichter nei it ûntstean fan de brân in sigaret opstekt.
De ferklearring fan de fertochte dat hy krekt dy dei opholden wie mei smoken, fûn de offisier fan justysje wol hiel tafallich.
Psygoazes
De man hat in persoanlikheidssteuring en yn it ferline psygoazes hân, yn kombinaasje mei drank- en drugsgebrûk.
Hy is earder feroardiele foar fermogensdelikten, bedrigingen en stellerij mei geweld.
Op it momint fan de brân siet er noch yn de proeftiid fan in eardere straf.
Dêrom easket it OM neist 30 moanne finzenisstraf ek noch 70 dagen ekstra sel.
Hij zit gewoon alles bij elkaar te liegen.
De advokaat fan de fertochte stelt dat der gjin hurd bewiis is en dat syn kliïnt frijsprutsen wurde moat.
De fertochte ûntkent op syn beurt dat hy psychyske problemen hat en earder feroardiele is. "Ik ben onschuldig", besleat hy.
Ta frustraasje fan Manuel Bondo. "Hij zit gewoon alles bij elkaar te liegen", sei hy nei ôfrin fan de sitting.
"Mijn bedrijf was niet verzekerd. Dan is het niet logisch dat ik hem zou vragen om brand te stichten."
Troch mei it bedriuw
Bondo wol der net lang yn hingjen bliuwe. De dei nei de brân pakte hy de tried wer op mei syn bedriuw.
"Achteruit is geen optie, vooruit is belangrijk", sei Bondo.
De rjochtbank docht op 22 maaie útspraak.