Omrop Fryslân

Selstraf easke foar ynbrekker Keramiekmuseum: "Getuigt van stuitend gebrek aan respect"

It Keramiekmuseum yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De fertochte fan de ynbraak yn Keramiekmuseum Princessehof hinget 15 moannen selstraf boppe de holle.
De 22-jierrige man fan Almere ûntkent alle beskuldigings. Hy ferskynde fan 'e moarn foar de rjochter, mar liet neat los oer de ynbraak.
Neffens it Iepenbier Ministearje is de fertochte, mei noch ûnbekende meidieders, ferantwurdlik foar de ynbraak yn de nacht fan 12 op 13 febrewaris 2023.

Fjouwer stikken net werom

Dêrby waarden alve keramyske objekten stellen.
Sân dêrfan waarden fernield, fjouwer dêrfan binne yntusken restaurearre. Fjouwer oare items binne nea weromfûn.
De ynbrekkers klommen fia in reinpiip oan de foarkant fan it museum nei it plat dak. Dêr sloegen sy in rút yn mei in moker.

Bewakingskamera wurke net

In bewakingskamera yn de Stinszaal, dy't reagearret op beweging, lei lykwols neat fêst. Is it net dúdlik hoe't dat kin.
Doe't it alarm ôfgie, naaiden de ynbrekkers út.
Neist it spoar fan skerven, lieten sy ûnder oare tassen, handoeken, in betonskjirre en in mof achter.
Niet alleen het museum is van de stukken beroofd, maar ook onze samenleving als geheel.
Offisier fan justysje
"Het zijn niet alleen kostbare stukken, maar ook objecten met grote cultuurhistorische waarde. Niet alleen het museum is van de stukken beroofd, maar ook onze samenleving als geheel", sei de offisier fan justysje.
"De manier waarop daarmee is omgegaan, getuigt van een stuitend gebrek aan respect."

Stellen kentekenplaten

Op kamerabylden bûten it museum wiene trije persoanen te sjen dy't fuortdrave fan it museum en fuortride yn in grize Renault Clio.
De kentekenplaten op de auto blieken de dei derfoar stellen yn Akkrum.
Koart nei de ynbraak waarden de kentekenplaten dumpt yn Tytsjerk.
De auto is ek - sûnder kentekenplaten - te sjen op kamerabylden fan in tankstasjon tusken Burgum en Tytsjerk.
Fjouwer objekten binne yntusken restaurearre
Op de ducttape dêr't de kentekenplaten mei op de auto befêstige sieten, waard in fingerôfdruk oantroffen dy't oerien kaam mei dy fan de fertochte.
"Ik zou het niet weten", reagearre de fertochte op de fraach fan de rjochter hoe't dat kin. "Je raakt meerdere dingen aan, overal komt DNA op."

Wapene oerfal mei deadlike ôfrin

De fingerôfdruk siet al yn in database fanwegen syn belutsenens by in oerfal mei deadlike ôfrin yn 2023.
Hy is feroardiele ta acht jier sel dêrfoar. Yn ôfwachting fan syn heger berop sit hy no yn foararrest yn Lelystêd.
By syn arrestaasje foar dy oerfal yn 2024 waard syn telefoan yn beslach naam.

Syktermen op telefoan

Dyselde telefoan waard linkt oan de ynbraak yn it Keramiekmuseum.
De telefoan makke yn de nacht fan de ynbraak ferbining my telefoanmêsten rûnom it museum, wylst hy oars nea yn Fryslân wie.
In pear oeren foar de ynbraak wiene mei dy telefoan de syktermen 'Leeuwarden' en 'Grote Kerkstraat 9' ynfierd.
Fjouwer objekten dy't wersteld binne nei de ynbraak
© Omrop Fryslân, Gjaldau Sijtsma
Yn 2024 waard de man syn Renault Clio trochsocht en trof de plysje ûnder de boaiemplaat yn de achterbak in grutte hoemannichte tassen oan, ek deselde as dy't by de ynbraak yn Ljouwert achterlitten waarden.

Meipleegjen as meiplichtichheid

Dy kombinaasje fan feiten makket neffens it Iepenbier Ministearje dat der sprake is fan meipleegjen.
As de rjochtbank fynt dat dêr net genôch bewiis foar is, dan fynt it IM dat meiplichtichheid wol bewiisd wurde kin.

"Geen spat bewijs"

Neffens de advokaat fan de fertochte is der gjin oertsjûgend bewiis - heechút oanwizings - dat har kliïnt belutsen wie by de ynbraak. "Er is geen spat bewijs", sei sy.
Annemarie Lavèn fan it Keramiekmuseum
© Omrop Fryslân
De fertochte berôp him foar it grutste part op syn swijrjocht. Yn in koarte ferklearring ûntkende hy belutsenens.
"We hadden gehoopt dat de verdachte iets zou gaan vertellen vandaag, ook over of hij in opdracht handelde. Maar we weten eigenlijk nog niks", sei Annemarie Lavèn, haad Publyk en Presintaasjes by ûnder oare it Keramiekmuseum, teloarsteld nei ôfrin.

Keare de fjouwer missende objekten noch werom?

Dêrmei is ek gjin dúdlikheid oer it lot fan de fjouwer ûntbrekkende objekten. "Wij blijven hopen dat ze op een onverwacht moment nog boven water komen."
It Keramiekmuseum hat in skeafoardering yntsjinne fan goed 390.000 euro, foar ekstra befeiligingskosten, miste ynkomsten en skea oan de kolleksje.
De offisier fan justysje fynt dat in sivile rjochter him oer dy foardering bûge moat.
De rjochtbank docht op 22 maaie útspraak.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.