Omrop Fryslân

Van Zwieten wint earste frijeformaasjepartij fan it seizoen, Smink pakt winst by de froulju

Menno van Zwieten en Tjisse Steenstra
© Dijks Media
De earste frijeformaasjepartij fan it seizoen is snein in proai wurden foar Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra. Yn de finale yn Menaam wienen se mei 5-4 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Marten Bergsma.
Bergsma en Hessel Postma en kamen mei harren nije achterynse Erwin Zijlstra frij ienfâldich yn de finale: yn de earste omloop waard it 5-2 tsjin it partoer fan Steven Koster, yn de twadde omloop sels 5-0 tsijn Peter van Zuiden. Mei in steand nûmer yn de heale finale wie Bergsma doe al wis fan in finaleplak.
Van Zwieten fersloech yn de earste omloop Paul Dijkstra mei 5-1, hie dêrnei in steand nûmer en wûn yn de heale finale mei 5-3 fan Johan Sipma, dy't ferline jier de oerwinning pakte yn Menaam.
Foar Minnesma en Steenstra is de oerwinning yn Menaam al har twadde yn twa wedstriden. Ferline wike wûnen se mei Jorn Lars van Beem foar Dronryp de ôfdielingwedstriid yn Weidum.

Smink wint by de froulju

By de froulju, dy't yn Bitgum harren earste frijeformaasjepartij fan it seizoen keatsten, gie de oerwinning nei Larissa Smink, Anouk Smink en Senne Idsardi. Sy wienen yn de finale mei 5-4 en 6-6 te sterk foar Iris Veltman, Rixt Wijnia en Jeldau Koopmans.
Foar Idsardi is it har twadde oerwinning fan dit seizoen. Ferline wike wûn se mei Dronryp de ôfdielingspartij yn Reduzum.
Mear sportnijs fynst yn ús liveblog fan dizze wike:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.