Liveblog | 10 maaie

Van Zwieten wint earste frijeformaasjepartij fan it seizoen | Partoer Smink pakt winst by de froulju

Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan dit bloch.

Lêst bywurke: 10 maaie, 18:02
snein 10 maaie
18:02

Arends fuort útskeakele yn Rome

Tennisser Sander Arends is op it ATP-toernoai fan Rome yn de earste ronde útskeakele. Mei syn dûbeldpartner David Pel ferlear de Ljouwerter yn twa sets (7-6, 7-6) fan it Amerikaansk-Meksikaanske duo Robert Galloway / Santiago González.
De twa Nederlanners koenen op it gravel prima meikomme mei har tsjinstanners en krigen yn de earste set by 5-6 sels in setpoint. Uteinlik draaide it út op in tiebreak, dy't in proai waard foar Galloway en González (7-3).
Yn de twadde set pakten Arends en Pel fuortendalik in break foarsprong, mar doe't se by 4-5 foar de set servearje mochten, leveren se dat foardiel wer yn. Op 6-5 oerlibben Arens en Pel in matchpoint, mar yn de tiebreak wienen Galloway en González wer te sterk (7-5).
17:55

Van Zwieten pakt oerwinning yn Menaam

Menno van Zwieten en Tjisse Steenstra
© Dijks Media
De earste frijeformaasjepartij fan it seizoen is in proai wurden foar Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra. Yn de finale yn Menaam wienen se mei 5-4 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Marten Bergsma.
Bergsma en Hessel Postma kamen mei harren nije achterynse Erwin Zijlstra frij ienfâldich yn de finale: yn de earste omloop waard it 5-2 tsjin it partoer fan Steven Koster, yn de twadde omloop sels 5-0 tsijn Peter van Zuiden. Mei in steand nûmer yn de heale finale wie Bergsma doe al wis fan in finaleplak.
Van Zwieten fersloech yn de earste omloop Paul Dijkstra mei 5-1, hie dêrnei in steand nûmer en wûn yn de heale finale mei 5-3 fan Johan Sipma, dy't ferline jier de oerwinning pakte yn Menaam.
17:16

Zantema en Oosterloo winne heale maraton Loop Leeuwarden

Mechiel Zantema hat de heale maraton fan de Loop Leeuwarden by de manlju wûn. De hurddraver út Goutum lei de 21,1 kilometer ôf yn 1.08,44. Hy wie dêrmei 39 sekonden rapper as Geart Jorritsma út Snits.
Jessica Oosterloo út Appelskea wie de rapste by de froulju. Sy die der 1.18,51 oer. Dat wie goed trije minuten rapper as Silke van der Meijden út Ternaard.
16:27

Partoer Smink wint earste frijeformaasjepartij fan it seizoen

Larissa Smink, Anouk Smink en Senne Idsardi ha de earste frijeformaasjewedstriid fan it seizoen wûn. Yn Bitgum fersloegen se yn de finale Iris Veltman, Rixt Wijnia en Jeldau Koopmans mei 5-4 en 6-6.
Foar Idsardi is it har twadde oerwinning fan dit seizoen. Ferline wike wûn se mei Dronryp de ôfdielingspartij yn Reduzum.
15:28

Noppert útskeakele yn Graz

Darter Danny Noppert is yn de achtste finale fan it Austrian Darts Open útskeakele. De Jouster ferlear sakrekt mei 6-3 fan Cristo Reyes út Spanje.
Noppert pakte yn it begjin fan de wedstriid noch in break foarsprong, mar dy ferspile er gelyk. Op 3-4 ferlear er syn eigen leg en dêrnei smiet Reyes de wedstriid út.
Ferline jier wie de achtste finale ek it einstasjon foar Noppert yn Graz.
10:28

Freoneploech earet ferstoarne Jordi by Loop Leeuwarden

De freonen fan de ferstoarne Jordi De Vicq de Cumptich hawwe in spesjaal spandoek by harren
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn Ljouwert is fan 'e moarn it evenemint Loop Leeuwarden úteinset. Sa'n 14.000 dielnimmers ferskine hjoed oan de start by ferskate ôfstannen, om te draven of te kuierjen. De grutste ôfstân is de heale maraton (21,1 kilometer). Dy is om 09.30 úteinset.
Ferline jier waard Loop skrast nei't de 29-jierrige Jordi De Vicq de Cumptich fan Frjentsjer flak foar de finish yn elkoar sakke en ferstoar. Mei in spesjaal spandoek dogge syn freonen dit jier mei om him te earjen en te betinken.
De organisaasje hat dizze edysje maatregels naam om hjitteberoerten foar te kommen.