Tbs fan feroardielde Iraniër foar stekpartij stasjon Ljouwert mei twa jier ferlinge
De Iraniër dy't yn 2023 feroardiele waard foar de stekpartij by it stasjon yn Ljouwert is twa jier langer tbs oplein.
Op 19 juny 2020 stuts Rezgar P. foar it stasjon yn Ljouwert de doe 64-jierrige Sadegh Zarza 22 kear mei in mes.
Zarza rekke ferwûne oan de holle, it boarst, it liif en de earm. Hy rekke hast blyn oan ien each.
Tsientallen omstanners wiene tsjûge fan de stekpartij.
'Poging tot moord'
Yn 2021 feroardiele de rjochtbank him ta tolve jier sel foar 'poging tot moord'.
Yn heger berop krige de man fjouwer jier selstraf en tbs mei twangferpleging oplein.
Rezgar P. bekende it stekken. Hy en it slachtoffer moeten inoar dy dei foar it earst.
De heiten fan de fertochte en it slachtoffer wiene yn it ferline klasgenoaten yn Iran.
Politike likwidaasje
It slachtoffer, in eardere bestjoerder fan de ferbeane Koerdische Democratische Partij Iran, tocht dat der sprake wie fan in polityk besykjen ta likwidaasje troch it Iraanske rezjym.
Hy neamde P. in 'gehersenspoelde huurmoordenaar' en traind yn it mislieden fan oaren.
It Iepenbier Ministearje en it gerjochtshôf seagen dêr lykwols gjin oanwizings foar.
Skizofreen
Neffens it hôf hannele de fertochte fanút in psychyske waan.
Ut in rapport fan it Pieter Baan Centrum die bliken dat hy skizofreen is. Dêrom krige hy neist selstraf mei tbs ek twangferpleging oplein.
De feroardielde syn tbs-behanneling sette yn maart fan dit jier pas útein fanwegen lange wachttiden.
Dochs besleat de rjochter freed de tbs-maatregel mei twa jier te ferlingen.