Brêge ôfbaarnd oan de Jokse yn Ljouwert
Oan de Jokse yn Ljouwert is ôfrûne nacht in brechje ôfbaarnd. Om 04.45 oere hinne waard de brânwacht oproppen.
Op foto's is te sjen dat der net in soad fan de brêge oer is: it brêgedek is hielendal swartbrând en fersakke.
Yntusken binne der stekken mei lint neist it wetter pleatst, om derfoar te soargjen dat minsken net oer by de brêge kinne.
Oer de oarsaak fan de brân is neat bekend makke.