Omrop Fryslân

Ald steatsekretaris Rummenie freget him ôf oft Nederlân noch wol in demokrasy is

Jean Rummenie
© Omrop Fryslân
Ald steatssekretaris fan LVVN Jean Rummenie (BBB) freget him ôf "of Nederland nog wel een democratie is". Hy die dizze opfallende útspraak op in gearkomst yn Zoutkamp fan de âldste fiskersferiening fan Nederlân; Hulp in Nood. Dêr binne ek in soad Fryske garnalefiskers by oansletten.
Rummenie rjochte syn pylken benammen op de amtners. Yn stee fan in demokrasy, soe Nederlân neffens him wolris in "ambtenaarcratie" wêze kinne.
Hy sei dat as reaksje op in fraach fan in garnalefisker oer de ferhâldings op it departemint mei dy amtners. De BBB'er joech ek ta dat er betiden behoarlike oanfarrings hie mei syn amtners.
"Ik vind het goed dat er ambtenaren zijn met heel veel kennis. Daar is uiteraard niets op tegen. Daar ben je als bewindspersoon alleen maar blij mee.
"Maar er moet één ding helder blijven. Wat er met al die kennis gebeurt en welk besluit daaruit voortkomt dat is aan de bewindspersoon", sei Rummenie yn in reaksje nei de tiid.
Garnalekotters yn de haven fan Lauwerseach
© Remco de Vries/Omrop Fryslân
Yn syn petear mei de fiskers fertelde de âld steatssekretaris ek dat hy benammen wach wêze moast op wat der yn hiele lang stikken stie.
"Het is toch wel opletten geblazen. Zeker toen wij in het ministerie zaten, liepen de meningen op bepaalde dossiers natuurlijk fors uiteen. En dat maakt de zaak er dan niet eenvoudiger op."
Rummenie krige yn Zoutkamp de 'Hulp in Nood Award' foar wat hy betsjutten hat foar de fiskerij. It feit dat hy de fiskers in nije natuerwetfergunning besoarge hat, falt goed yn de fiskersmienskip.
Al wiene der wol fiskers dy't dêr noch noed oer ha omdat de natuerorganisaasjes nei de rjochter stapt binne.

"Zal altijd wel blijven"

De âld steatssekretaris tinkt dat it wol goed komt. Ek al hat hy dy fergunning oant 2045 ôfjûn; der binne noch twa mominten wêrop dy nochris tsjin it ljocht hâlden wurdt. Boppedat binne der fiskoeren ynlevere en is in tredde fan de float troch in sanearring fuort.
Foarsitter Harm Post fan Hulp in Nood bêdet de soargen ek del: "Die juridische onzekerheid zal altijd wel blijven."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.