Omrop Fryslân

Wêrom 'Retour Sneek'? Hoe't in Fryske stêd yn 'e hit fan VOF de Kunst bedarre

Erik van Muiswinkel
© ANP
It hie Goes wêze kinnen. Of Drylts. Dat VOF de Kunst yn 1987 úteinlik Retour Sneek opnaam, en net Retour Goes, is te tankjen oan in suggestje fan de frou fan tekstskriuwer Erik van Muiswinkel. "Ze vond het een veel grappigere naam."
Retour Sneek is gjin orizjineel nûmer. It is in Nederlânske bewurking fan Que Te Quiero fan Katrina and the Waves, út 1983. It orizjineel giet oer in fiere leafde yn Meksiko.
Wat dêr yn Nederlân mei dien wurde moast, dat wie oan Erik van Muiswinkel. Doetiids 26 jier en studint by kabaretier en ferskeskriuwer Ivo de Wijs. Hy hie foar VOF de Kunst earder al Een Kopje Koffie skreaun, in flinke hit.
VOF de Kunst
© ANP
Van Muiswinkel socht twa Nederlânske plakken dy't fier útinoar leine. Syn earste idee wie "Waarom woon ik in Den Bosch en jij in Goes?"
Dat rime op himsels goed, mar Den Bosch en Goes leine net fier genôch útinoar foar dit leafdesferhaal.

Net Drylts, mar Snits

Drylts en Oss oerwage er ek. Doe kaam syn frou Paulien mei Snits oan. "Ik heb er geen seconde over nagedacht", zegt hij. "Meestal ben je gevoelig als iemand je tekst gaat zitten verbeteren. Maar hier wist ik meteen dat ze gelijk had."
Dat Snits him liende foar in liettekst, wist er doe al. Fjirtjin jier earder hie drs. P syn Sneker Café útbrocht, wylst er - nei eigen sizzen - nea yn Snits west hie.
Van Muiswinkel hie wat dat oangiet in streekje foar: hy hie der wól west, ien kear, yn 1981, op in sylboatsje. Snits liet him dêrnei net mear los.

Haadpyt

Achttjin jier letter fear er op 'en nij Snits binnen, mar no as Hoofdpiet by de lanlike Sinteklaasyntocht fan 2005. Dy yntocht hie ekstra gewicht. Michiel Kerbos soe foar it lêst as Wegwijspiet meigean.
De Wetterpoarte yn Snits
© Omrop Fryslân, René Koster
Der giene ek geroften dat goedhillichman Bram van der Vlugt, krekt opknapt fan termkanker, ophâlde soe.

Sneker Café

Foar de gelegenheid skreau Van Muiswinkel in ôfskiedsliet, mei dêryn alle stêden dêr't Sinteklaas de foargeande jierren binnenfearn wie. Hy skreau it op de melody fan Het Sneker Café.
En op 'e jûn foar de yntocht klonk dat nûmer yn in kafeetsje yn Snits.
"We zijn enorm tekeergegaan in dat café", laket Van Muiswinkel. "En stonden in dat opzicht niet helemaal fit op de boot."

Drs. P, The Party

Snein 3 maaie is Erik van Muiswinkel mei syn foarstelling Drs. P, The Party te sjen yn in Posthuistheater op It Hearrenfean.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.