Omrop Fryslân

Coldplay as ynspiraasje foar Neushoorn: "Een plek om de toekomst te ontdekken"

Ira Judkovskaja is de nije direkteur fan poppoadium Neushoorn
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Ira Judkovskaja is úteinset as nije direkteur fan poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De âld artistyk lieder fan Tryater makket de oerstap fan it teäter nei de popmuzyk.
"Het interessante aan een plek als Neushoorn is dat er ook veel beginnende acts worden geprogrammeerd", seit se. "Het is een plek waar je dingen kunt ontdekken."
Dat hat se sels ek geregeld dien. Somtiden troch tips fan freonen, oare kearen troch tafallichheden.
"Toen ik een jaar of 20 was woonde ik in Amsterdam. Een goede vriend van mij introduceerde me aan De Kift."
Tweintich jier letter is dat noch altyd har favorite band. "Ik vind het een unieke en eigenwijze Nederlandse band. Het is een fanfarepunkband die zich ook nog eens op diepe literaire teksten baseert."
De Kift
© ANP
Judkovskaja seach De Kift in kear op in lyts poadium yn De Balie yn Amsterdam. "En terwijl we stonden te wachten, trad er een heel aardig Engels bandje op. We stonden echt te genieten."
"Ik weet nog dat we tegen elkaar zeiden: wat een leuk en aardig bandje. En de zanger, wat een fijne uitstraling."
"We stonden een beetje mee te neuriën op het liedje 'Yellow'. Dat bandje dat was Coldplay."

De takomst ûntdekke

In moanne letter wienen se trochbrutsen. "Sindsdien is het ondenkbaar om ze van zo dichtbij mee te maken als die avond in De Balie."
Se sjocht in oerienkomst tusken sealtsjes as De Balie en Neushoorn. "Hier komen bekende acts en er zijn feesten, maar het is ook een plek om de toekomst te ontdekken."
Sjonger Chris Martin fan Coldplay
© Shutterstock.com (yakub88)
Judkovskaja is noch mar krekt begûn as direkteur. Se is foaral dwaande om de organisaasje kennen te learen, mar se hat wol al in hiel dúdlik byld fan wat Neushoorn wêze en bliuwe moat.
"Het is een plek waar vrijheid voorop staat. Zo zie ik het en dat is ook hoe mensen het hier zien."
"Het maakt hier niet uit hoe je je uit, wat voor kleding je draagt of wat je muzieksmaak is. Je kunt hier gelijkgestemden vinden."

Fjochtsje om frijheid te behâlden

En dat liket miskien fanselssprekkend, seit se, "maar als je kijkt naar maatschappelijke en politieke ontwikkelingen zie je dat die vanzelfsprekendheid langzaamaan verdwijnt."
"Ik denk dat het belangrijk is voor alle culturele instellingen om die vrijheid te bevechten, om daar voor te staan en die niet te verliezen."
En dat past by de popkultuer.
"Die plek is Neushoorn nu. We blijven ons ervoor voor inzetten dat het zo'n plek blijft."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.