Omrop Fryslân

Hoe't Albertine Agnes de Oranjes nei Oranjewâld brocht

Albertine Agnes van Oranje
© Geschiedkundige vereniging
Dat Oranjewâld eartiids wat te krijen hie mei ús keninklike famylje is wol bekend, mar hoe't it krekt sit wit lang net elkenien. Jochem Liemburg en Gerard van der Werf witte der wol fan alles fan.
Sy hawwe har der yn ferdjippe en liede ekskurzjes troch it park. De jiertallen en dûbele adellike nammen fleane jo dan om de earen. It is hast in wedstriid wa't it meast fertelle kin oer de famyljes dy't eartiids yn Oranjewâld kamen.
"It is begûn by Albertine Agnes van Oranje-Nassau", sa seit Jochem Liemburg. "Sy wenne yn Ljouwert en se woe in 'bûten' ha foar simmerdeis. Se liet har each hjir op falle. En der stie wol in pleatske, mar it wie hjir rûch. Wyldernis."
Albertine Agnes wie troud mei de Fryske stêdhâlder Willem Frederik van Nassau-Dietz. Se krigen trije bern, mar de jongste waard mar in pear jier. Doe't Willem-Frederik ferstoar waard se regintes foar har soan Hendrik Casimir II.

Achternicht en achterneef

"Willem Frederik wie fan de Fryske Nassaus", follet Gerard van der Werf oan. "Sy wie fan de Oranjes út Den Haach wei. Sa kamen de Nassaus en Oranjes by mekoar. Se wiene achterneef en achternicht."
Albertine Agnes woe yn Oranjewâld krekt sa'n paleis as paleis Het Loo.
Jochem Liemburg oer paleis Oranjewâld
Op it lângoed by it Hearrenfean liet se lange leanen, singels en tunen oanlizze. Boppedat liet se in paleis bouwe: paleis Oranjewâld.
Jochem Liemburg: "Paleis Het Loo yn Apeldoorn wie krekt boud troch de Frânsman Marot en sy woe ek soks. It moast ûngefear krekt sa wurde, allinnich is it noait ôfboud. Der binne twa fleugels boud, mar se binne net oan it middenstik takommen."
It paleis Oranjewâld sa't dat der eartiids út seach
© Museum Heerenveen
Op in bepaald stuit moasten se ferhúzje nei Den Haach om te regearen, want de Hollânske tak wie útstoarn. Sadwaande kamen se net sa faak mear yn Oranjewâld.
Wa't wol regelmjittich nei Oranjewâld ta kaam wie 'Marijke Muoi', Maria Louise van Hessen-Kassel.
"Dat wie in sterke frou. Har man, Johan Willem Friso kaam al jong te ferstjerren want hy ferdronk en doe naam sy it oer. En dat die se blykber hiel goed, want Marijke Muoi wie in flaainamme. Minsken wiene wiis mei har", fertelt Jochem Liemburg.
Marijke Muoi
© Door Lancelot Volders - Beeldbank Leeuwarden, Publiek domein,
Paleis Oranjewâld is tusken 1803 en 1805 sloopt. It wie doe al slim fertutearze want de Frânsen, dy't doe oan de macht wiene, moasten neat ha fan de adel.
Gerard van der Werf dûkt yn syn oantinkens en fertelt: "Doe't wy lytse bern wiene, koest de moaie stientsjes noch lizzen sjen yn de Domineesingel. Dy is no asfaltearre, mar doe koest sjen oan dy stientsjes wat foar moaie glês yn lead ruten yn it paleis sitten hie."
Jochem Liemburg en Gerard van der Werf foar it lângoed Oranjewâld
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Letter is op it plak fan it paleis in lângoed boud. De tún is fan in strakke 'Marot'-tún feroare yn in typyske 'Roodbaard'-tún mei slingerjende paadsjes. De achtertún, dy't de foarm hat fan de provinsje Fryslân, sjocht út op museum Belvédère.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.