Omrop Fryslân

It trauma fan LDODK is noch net foarby: "Ongelofelijk dat we dit weggeven"

De teloarstelde Julian Frieswijk mei coach Friso Boode
© Dijks Media
It like der lang op dat de útsinnige Gordykster kuorbalfans sneon foar it earst yn de histoarje de reis nei Ahoy meitsje koenen, mar wer gie it yn de lêste minuten mis. LDODK ferlear yn eigen hûs mei 22-23 fan DVO.
Foar it fjirde seizoen op rige helle LDODK de heale finale fan de Korfbal League, mar opnij gie it by de lêste halte foar de grutte finale yn Rotterdam mis.
Oant fjouwer minuten foar de ein hie de ploech fan assistint trainer Friso Boode in moaie foarsprong (22-18).
Mar op it stuit dat it echt spannend waard, ferlearen de Gordyksters de kontrôle oer de wedstriid. It duorre mar even of it stie 22-22.
En doe hie DVO útblinker Gertjan Meerkerk oan ien kâns genôch: hy skeat DVO op foarsprong.
Ien man koe der dêrnei noch wat oan dwaan: Julian Frieswijk.
Julian Frieswijk mist it lêste skot yn thriller tsjin DVO
Mar syn lêste skot gie der net yn. En dus stiet LDODK wer mei lege hannen nei in goed seizoen. "Ik had beter moeten schieten", is de drûge konstatearring fan Frieswijk.
"Het is ongelooflijk", giet hy fierder. "We zijn zo dichtbij, maar we doen het niet. Dit is zo pijnlijk, hier werken we een heel jaar voor."
Frieswijk hat gjin ferklearring foar de wize wêrop't LDODK de foarsprong fuortjoech yn de lêste minuten. "Je mag het niet weggeven, maar dat hebben we wel gedaan."
It fertriet fan Sabine Verhoef
© Dijks Media
Sabine Verhoef hie muoite om wurden te finen foar de ferliespartij. "Volgens mij speel je een prima wedstrijd, maar hoe deze uitslag tot stand is gekomen, is onwerkelijk."
Oant de lêste fjouwer minuten fielde it as hie LDODK it heft yn hannen. "Zo voelde het ook, zo kwamen we de kleedkamer uit. We hielden ons aan de taak die we hadden, maar dan loopt het toch anders."
Sabine Verhoef oer it ûnwerklike ferlies
Oan de kant fan DVO wie Gertjan Meerkerk mei acht punten de grutte man. Ferdigener Terrenc Griemink hie grutte muoite om de rappe man fan DVO by te hâlden.
"Hij heeft me helemaal zoek gelopen, dat is zijn klasse en dat weet ik ook."
Terrenc Griemink spile syn lêste wedstriid foar LDODK
Friso Boode wie troch de skorsing fan Jan Niebeek einferantwurdlik. Hy kin it net leauwe dat syn ploech yn de slotfaze alles út hannen jout.
"We hebben die wedstrijd in handen, dat we dit weggeven, is ongelofelijk", seit Boode.
"Met nog vier minuten te gaan staan we vier punten voor, dat moeten we uitspelen. Maar DVO staat met de rug tegen de muur en gaat opportuun spelen. En dan valt het voor hen goed."
"De gelukkigste heeft gewonnen, we hebben een groot deel van de wedstrijd gedicteerd. Dit is pijnlijk."

Frieswijk

Boode nimt Frieswijk neat kwealik oer it momint fan de wedstriid. "Hij wil 'm graag maken, maar het is meer dat je in de fase daarvoor een paar snelle goals tegen krijgt."
"Het is heel zuur, de ploeg heeft keihard geknokt. Nu is het oplappen en door naar volgend jaar."
Foarsitter Gouke de Vries oer it ferlies fan LDODK
Foarsitter Gouke de Vries dreamde fan Ahoy, mar moat noch in jier wachtsje. De teloarstelling makket by him al gau plak foar optimisme.
"De spilers hawwe striid levere, de sfear wie geweldich", seit hy. "Ik snap ek wol dat it foar de spilers no fielt as wie alles foar neat, mar dat is fansels net sa."
"Moarn begjinne we oan it nije seizoen en bouwe wer rjochting it folgjende seizoen", giet De Vries fierder. "It docht no wol echt even sear, wy sitte der tichtby en we komme deroan."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.