Omrop Fryslân

LDODK ferliest kuorbalthriller yn eigen hûs: "Weer een jaar voor niks"

Harjan Visscher
© Dijks Media
LDODK giet net nei de finale om it lânskampioenskip yn Ahoy. Yn de lêste sekonden fan de wedstriid pakte DVO de foarsprong en dêr koe de ploech fan assistint-coach Friso Boode neat mear oan feroarje. De einstân wie 22-23.
Dat wie eins tsjin de ferwachtings yn. LDODK stie hast de hiele wedstriid oan de lieding yn it eigen Koartsweagen.

Sterke earste helte

LDODK spile in sterke earste helte wêr't se bouwden oan in marzje fan fjouwer punten. Yn it skoft stie it 14-10 foar de thúsploech.
Nei it skoft besocht de ploech fan Boode, dy't as coach oan de sydline stie troch de skorsing fan haadcoach Jan Niebeek, die foarsprong út te bouwen.

Wer net foar LDODK

Dat slagge hiel aardich, oant de lêste fjouwer minuten fan de wedstriid.
Yn dy perioade kaam DVO werom fan in 22-18 efterstân. Yn de lêste minút makke Gertjan Meerkerk de winnende foar de ploech út Bennekom.
'Weer een jaar voor niets'
Allinnich Julian Frieswijk koe der yn de lêste minuten noch wat oan dwaan, mar syn poging gie der net yn.
"Ongelofelijk, zo dichtbij", seit Frieswijk. "We doen het niet. We werken het hele jaar zo hard, maar we geven het weer weg."
Julian Frieswijk mist it lêste skot yn thriller tsjin DVO
LDODK hat no fjouwer seizoenen op rige de heale finale om it lânskampioenskip helle, mar kaam nea troch de heale finale.
Mear sportnijs fynst yn ús livebloch:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.