Liveblog | 19 april

Kwartfinale is einstasjon foar Noppert op European Tour | LWD Basket ferliest yn Den Helder

Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan dit bloch.

Lêst bywurke: 19 april, 19:47
snein 19 april
19:47

Kwartfinale is einstasjon foar Noppert

Danny Noppert is útskeakele op de European Tour yn it Dútske Sindelfingen. Yn de kwartfinale ferlear hy mei 6-5 fan Krzysztof Ratajski.
Noppert kaam op 3-0 efterstân, mar koe dêrnei wol werom yn de wedstriid komme en kaam sels op 4-5 foarsprong. Dêrnei wie it lykwols Ratajski, dy't de twa belangrykste legs wûn.
17:17

LWD Basket ferliest yn Den Helder

LWD Basket hat de útwedstriid tsjin Den Helder Suns mei 89-83 ferlern.
It siet ticht by elkoar yn alle kwarten. It grutste ferskil waard makke yn it twadde kwart: 23-19. Yn de oare trije kwarten waard it 21-20, 25-25 en 20-19.
14:15

Danny Noppert nei kwartfinales European Tour

Danny Noppert is troch nei de kwartfinales fan de European Tour yn it Dútske Sindelfingen. De darter fan De Jouwer rekkene yn de kwartfinales ôf mei Niko Springer: 6-4.
De kwartfinales steane jûn op it programma. Dêryn nimt Noppert it op tsjin Krzysztof Ratajski.
sneon 18 april
18:09

WK kuorbal 2027 komt nei Fryslân

Kuorbal
© Orange Pictures
It wrâldkampioenskip kuorbal 2027 wurdt foar in part yn Fryslân spile. Drachten en De Gordyk binne oanwiisd as spylplak.
Dêrnjonken wurdt it toernoai ôfwurke yn Hoogeveen, Emmen, Almelo, Ede, Duiven, Zaanstad, Den Bosch, Oss en Ridderkerk.
It WK is fan 14 oant en mei 24 oktober 2027. It is de fjirde kear dat Nederlân it WK organisearret, de foarige kearen wienen yn 1978, 1987 en 2003.
17:10

ONS Snits docht goede saken

Foar de twadde wike op rige hat ONS Snits trije wichtige punten pakt.
De Snitsers wûnen mei 4-0 fan direkte konkurrint PKC'83 en nimme dêrmei ôfstân fan de direkte degradaasjeplakken.
De doelpunten kamen op namme fan Tim ten Voorde, Arjan Stremler, Pieter Abe de Jong en Geoffrey Eekhof.
ONS hat no 32 punten út 26 wedstriden en stiet dêrmei foarearst op it tolfde plak yn de fjirde divyzje.
16:39

Blamaazje Harkemase Boys tsjin hikkesluter

Harkemase Boys komt net fierder as 0-0
© Orange Pictures
Harkemase Boys hat mei 0-0 lykspile tsjin HSC'21.
Dat meist rêstich in blamaazje neame. HSC'21 hie oant no ta noch mar fiif punten helle yn de folsleine kompetysje.
Harkemase Boys hat no 43 punten helle út 29 wedstriden en stiet dêrmei foarearst op it tsiende plak.