Omrop Fryslân

Ein oan 'paspoortgate' foar Dylan Vente: spits mei wer yn aksje komme foar sc Hearrenfean

Dylan Vente
© Orange Pictures
Dylan Vente mei wer yn aksje komme foar sc Hearrenfean. De spits mocht dat de ôfrûne wike net, omdat er mooglik net in goeie wurkfergunning hie fanwegen syn Surinaamske paspoart.
Vente koe dêrom in wike lang net meitraine en spylje mei sc Hearrenfean en mocht sels net klean fan de klup drage.
De spits hat no syn wurkfergunning krigen en stiet dêrom fan moarn ôf wer op it trainingsfjild. Vente kin dus snein ek wer meispylje as de ploech it yn Alkmaar opnimt tsjin AZ.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.