Omrop Fryslân

Hearrenfeanspiler Dylan Vente foarearst net yn aksje fanwegen 'paspoortgate'

Dylan Vente
© Orange Pictures
Dylan Vente spilet foarearst gjin wedstriden mear foar sc Hearrenfean. De oanfaller mei fanwegen 'paspoortgate' op dit stuit net yn aksje komme foar syn klup.
Sûnt twa wiken wurde der yn it Nederlânske betelle fuotbal fraachtekens pleatst oft guon spilers wol spylberjochtige binne. It giet dan om spilers dy't berne binne yn Nederlân, mar ek útkomme foar in nasjonaal alvetal bûten Europa.
Dylan Vente is sa'n spiler mei in dûbele nasjonaliteit, hy kaam fjouwer kear út foar it nasjonale alvetal fan Suriname.

Paspoortgate

Twa wiken ferlyn makke NAC Breda melding by de KNVB oer it meispyljen fan Dean James fan Go Ahead Eagles. Hy soe net oer de goede papieren beskikke, omdat er sûnt in jier útkomt foar Yndonezië. Dêrmei soe er mooglik syn Nederlânske wurkfergunning ferlern wêze.
It kompetysjebestjoer betelle fuotbal hat no alle klups oproppen om allinnich spilers op te stellen dy't oantoanber spylberjochtige binne.
De KNVB kin gjin dúdlikheid jaan oer wat der bart as klups dy oprop negearje. Neffens it fuotbalbûn is dat oan de ûnôfhinklik oanklager.
It KNVB hat alle klups in e-mail stjoerd mei it fersyk dat de klups útsykje oft alle nasjonaliteiten fan de spilers klopje. Sa net, dan moatte der wurkfergunnings oanfrege wurde.

Ek net traine

Der wurdt drok socht nei in oplossing, mar salang't der gjin dúdlikheid is mei Vente net traine en gjin wedstriden spylje foar sc Hearrenfean.
"Het is heel vervelend, met name voor Dylan zelf", seit algemien direkteur Ferry de Haan. "Ook omdat er absoluut geen kwade bedoelingen in het spel zijn."
"Bovendien kwam Dylan maar vier keer uit voor Suriname en speelde hij zijn laatste interland in 2024."
Oft der dúdlikheid komt foar de folgjende wedstriid fan sc Hearrenfean, takom snein, kin De Haan net sizze. "Dat is afwachten. We zijn wat dat betreft afhankelijk van de overheidsinstanties."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.