Sekswurkers op de radar fan Fryske gemeenten: regels aanst oeral itselde
Sekswurkers hoege aanst net mear benaud te wêzen foar ferskillende regels yn de Fryske gemeenten. Der binne mienskiplike ôfspraken makke sadat der feiliger wurke wurde kin.
It moat dêrneist misstannen tsjingean, seit wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert. Hy hâldt him foar de Fryske gemeenten dwaande mei it belied foar sekswurkers.
"Sekswerk houdt niet op bij een gemeentegrens", seit Kuiken. It is dêrom fan belang om allegear itselde te dwaan, seit de wethâlder. "Overal dezelfde regels geeft ook een betere bescherming voor de sekswerkers."
De ôfspraken hâlde yn dat net allinnich oeral deselde regels jilde, mar dat der ek oeral op deselde wize hanthavene wurdt.
We willen misstanden tegengaan die iedere dag plaatsvinden.
It probleem fan sekswurk spilet yn alle Fryske gemeenten. Kriminele binden hiere earne in hûs en dêr litte se in oantal sekswurkers yn. Nei in koart skoft ferhúzje se wer nei in oare gemeente.
Minskehannel
Kuiken: "Dat komt vaker voor dan je denkt. Helaas wel. We zien dat bendes uit Nederland, Europa, zo actief zijn om geld te verdienen."
Mar wichtiger noch: it kin in sinjaal wêze fan minskehannel.
Yn de gemeente Ljouwert binne de measte sekswurkers aktyf. Dêr binne ek de measte fergunnings ôfjûn. Njonken de bordelen op de Weaze dogge sekswurkers ek oan escort of privee-ûntfangst.
Dat sjochst yn de hiele provinsje weromkommen, ek op plakken dêr't gjin fergunde sekswurkplakken binne.
In foarbyld dêrfan is de gemeente Hearrenfean. Dêr advertearje dizze wike fjouwer sekswurkers. It giet dan om privee-ûntfangst. Yn Drachten (Smellingerlân) binne it der sechstjin. Yn beide gemeenten binne gjin fergunnings ôfjûn.
Grip krije op yllegale sekswurkers
Sekswurk is in frij berop. Hast allinnich in fergunning nedich om dy yn in gemeente te fêstigjen. Mar sûnt corona is der in soad feroare. In soad sekswurkers wurkje thús of út hotels wei. Sûnder de needsaaklike fergunning. "Daar willen we meer grip op krijgen", seit Kuiken.
"Het gaat erom dat we zo samen met de politie misstanden en georganiseerde bendes kunnen aanpakken. Dat we misstanden tegengaan die iedere dag plaatsvinden."
De kommende tiid wurdt in team oprjochte dat de sekswurkers kontrolearje sil. Alve gemeenten hawwe oanjûn dêr oan meiwurkje te wollen.
Sekswurkers krije ek help. "We gaan zorgen voor ondersteuning. Diensten als Fier en het Leger des Heils leveren daar hulp en kennis."