Sekswurker Madame Frédérique wurket no út hûs wei: "Je betelje wol learjild"
"Ik haw yn situaasjes west dy't ûnfeilich binne." Madame Frédérique, transfrou, is iepen oer wat se meimakket as sekswurker. Earst wurke se efter it rút op de Weaze, mar no is se selsstannich. "Je betelje wol learjild."
It is krystjûn, noch net iens sa'n skoft lyn. Madame Frédérique wurdt belle foar in put. Se moat nei in camping ta, nei in caravan. It gefoel wie al net sa goed. "Dy man betelle earst al net", seit se.
Fêsthâlden
De ôfspraak soe in oere duorje, mar rint út. Trije, fjouwer oeren lang wurdt se fêsthâlden yn de caravan. "Ferskillende kearen bin ik misbrûkt en krige ik net betelle."
Se koe ta har blydskip útnaaie. Mei eangst yn it liif. "Hy kin wol in mes efter it kessen ha. Dat hy noch mear saken woe."
Yn de gemeente Ljouwert wurdt dizze dagen praat oer de takomst fan de Weaze en de prostitúsje dêr. Ien fan de foarstellen is dat it ferdwynt nei in plak bûten de stêd. Net dwaan, seit Madame Frédérique.
"Soe in drama wêze"
"It is kultureel erfgoed foar de stêd." Dêrneist wurdt it ûnfeiliger foar de sekswurkers, tinkt se. "It soe in drama wêze. It is gjin yndustry, mar minskewurk. As it dêr ophâldt, ferdwynt it yn de yllegaliteit."
Je moatte se altyd yn it foar betelje litte.
Dat makket it gefaarliker. Sekswurkers dy't selsstannich of yllegaal wurkje ha net allinnich te krijen mei de driging fan geweld; se moatte ek tinke om oplichting. Madame Frédérique: "Ik bin in pear kear om 'e nocht nei Zwolle riden. Der wie gjinien op it ôfsprutsen plak."
It kostet har jild, wylst se it wurk docht om te fertsjinjen. De les is hurd. "Je moatte se altyd yn it foar betelje litte. Oars is it net serieus."
Efter it rút te djoer
Op de Weaze efter har rút hie se dizze problemen net. "It wie dêr hartstikke gesellich. De befeiliging wie goed, de keamers skjin en je wurde goed fersoarge."
Dochs naam se de stap om as selsstannige fierder te gean. De hier fan it rút koe net út.
"Oft it ûnfeilich is, wit ik net." Se wit no wat reade flaggen binne. "Hoe't se appe, wat se dan freegje en hoe't se omgean mei my. Je fiele it gewoan. Want wêrom soe ien út Rotterdam of Amsterdam my út Snits ha wolle? Dêr yn dy plakken is genôch oanbod."
As se no in oanfraach kriget fan fier fuort, freget se earst reiskosten oer te meitsjen. "Dogge se dat net, dan witte je fuort dat it net serieus is."
It liket no allegear ellinde, mar dat is it foar har perfoarst net. "Ik ha in fêste klant yn Volendam. Dêr genietsje ik sels fan. Dan krij ik ek noch jild ta."
Har klantekring is fariearre: "Fan 18 oant 80 jier âld. Dy fan 18 ha ik leaver net. Dy binne te jong. De measten binne troude manlju, of manlju dy't yn in relaasje sitte."
"Moat fertroud wêze"
Ek hjir moat se kieze. "It moat wol fertroud wêze. As ien in trio wol, wêr begjinne je oan? Ien kin dy dan wol fêsthâlde, wylst de oar dy berôvet. Dêr moatte je wol rekken mei hâlde."
Yn de yllegaliteit binne dizze problemen miskien noch wol grutter. Frédérique sjocht dat der sprake is fan frouljushannel. "Ja, fan minsken út East-Europa, Súd-Amearika." Dêroer prate wol se net. "Dat is foar de minsken sels."
Wat se der wol oer sizze wol, is dat de yllegaliteit yn de measte gefallen soarget foar oerlêst. "Yn in hûs dêr't meardere minsken sitte. Dan krije je oanrin en dus ek oerlêst."
It is in foarm dy't faker foarkomt. In poaier hiert tydlik in hûs en set dêr in oantal froulju yn. Sy bliuwe dêr in pear wiken en ferhúzje dan nei in oar adres. It komt yn de hiele provinsje foar.
Yngripe bart allinnich as der sprake is fan oerlêst. Der is gjin kapasiteit en ek gjin jild om mear te dwaan oan tafersjoch.
Net mear it ôffierputsje
Yn 2020 waard Ljouwert as de ôffierput fan de prostitúsje yn Nederlân sjoen. Dat byld is fiif jier letter feroare.
Yn tsjinstelling ta it ferline sjogge maatskiplik wurkers langer deselde gesichten efter de ruten. De sekswurkers kinne help krije fan helporganisaasje Fier.
Fia advertinsjes besykje sy mei sekswurkers yn kontakt te kommen. Dat slagget yn hast tsien persint fan de gefallen. Fan alle minsken dy't sy bystean, wurket 60 persint sûnder fergunning.
Se hoopje troch mei sekswurkers te praten in byld te krijen fan wat der spilet en wat de problemen binne. Op basis dêrfan kin sjoen wurde nei wat sekswurkers nedich ha, bygelyks help by finânsjes of it dwaan fan oanjefte by seksuele útrûpelerij.
Madame Frédérique giet troch mei har wurk. Se sit noch yn transysje om aansten folslein as frou troch it libben te gean. Yn har wurk bliuwt it oppassen, mar se hat wille.
"Ik bin der grutsk op. It bliuwt spannend as it om in ûnbekend persoan giet, mar dêrnei is it wol leuk."