Omrop Fryslân

Hearrenfean wurket oan fertrouwen tsjin earmoedich Heracles

Jacob Trenskow makke de 1-1
© Orange Pictures
It begjin fan de wedstriid wie min, mar sc Hearrenfean hat sûnder in hiel soad muoite te dwaan sneintemiddei wûn fan Heracles Almelo. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it 4-1.
Fuotbaljend wie Hearrenfean in stik better dan de hekkesluter fan de earedivyzje, mar dochs kamen de gasten út Almelo op foarsprong. It grutste oandiel yn dy goal wie foar it Hearrenfean-duo Bernt Klaverboer en Vasilios Zagaritis.
Dy lêste ferspile de wedstriid op in min plak wêrnei't Klaverboer de bal net kontrolearje koe en Mario Engels de 0-1 binnen skeat.
Lang duorre it net foardat Hearreanfean de minne start fergetten wie: út in hoekskop makke Jacob Trenskow nei 35 minuten gelyk.
Noch foar it skoft kaam de thúsploech op foarsprong. Lasse Nordas skeat de penalty binnen dy't Hearrenfean krige.
Nei it skoft wie it ferset fan Heracles folslein brutsen; nei amper in minút fuotbaljen makke Nordas de 2-1, dy't op namme fan keeper Remko Pasveer kaam.
In pear minuten letter sette Maxence Rivera de einstân op it boerd: 4-1.
Hearrenfean hâldt dermei sicht op it fiifde plak yn de kompetysje.
Lês hjir it livebloch oer de wedstriid werom:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.