Cambuur-keeper Jansen sjocht syn eigen seizoen yn fiif foto's: "Dit was heel bijzonder"
Thijs Jansen is dit jier sterkhâlder fan SC Cambuur en stie by alle 34 kompetysjewedstriden ûnder de latte. De 24-jierrige keeper út Lisserbroek makke alles fan tichtby mei.
Heech tiid om syn seizoen ûnder de loep te nimmen. Dat dogge wy oan de hân fan fiif foto's, dy't allegear in wichtich ferhaal fertelle. Mar ek oer syn takomst by SC Cambuur en it libben yn Ljouwert.
Foto 1. Jansen mei it promoasjeskild (24 maart, FC Emmen - Cambuur 2-4)
"Dit is meteen het mooiste moment van het seizoen", seit Jansen as hy de foto mei it promoasjeskild ûnder eagen krijt. Hy glimket fan ear nei ear en sjocht fol grutskens.
"Hier werk je het hele seizoen voor en dat is waar je hier uiteindelijk toch voor bent gekomen. Het is de eerste keer dat ik een grote prijs pak in mijn carrière en daar ben ik trots op. Dit was heel bijzonder."
De promoasje is foar Jansen it hichtepunt fan syn tiid by Cambuur. Yn de simmer fan 2024 makket hy de oerstap nei Ljouwert.
Thijs Jansen oer syn hichtepunten by Cambuur
De keeper spile by de jongerein fan Feyenoord en wol oar jier tsjin syn âlde klup keepe yn de Kuip. It kontrakt rint noch in jier en dus liket hy mei Cambuur de earedivyzje yn te gean.
"Dat wil ik heel graag, want ik ga met een lach naar de club. Ik woon hier nu met mijn vriendin en we hebben het reuze naar de zin. Dus we willen blijven."
Jansen en SC Cambuur einfaze fan seizoen yn
Noch fjouwer wedstriden en dan sit it seizoen foar Thijs Jansen en Cambuur derop.
Op Twadde Peaskedei spilet de klup fan trainer Henk de Jong thús tsjin Dordrecht.
De wedstriid is live te folgjen fia Omrop Fryslân op de radio en fia ús webside mei in livebloch.
Foto 2. Cambuur kin kampioenskip ferjitte (3 april, VVV Venlo-Cambuur 3-0)
By de twadde foto moat Jansen gnizen at hy it tafriel sjocht. Hy is it middelpunt fan opskuor tusken spilers fan VVV-Venlo en Cambuur. De wedstriid ferliest Cambuur ôfrûne freed mei 3-0 en dêrmei is it kampioenskip fier út sicht.
De efterstân op ADO Den Haag is sân punten, mei noch fjouwer wedstriden te gean.
"Vóór de wedstrijd geloofden we er nog heel goed in. De achterstand was vier punten en dan moet je er bij blijven. Nu is het zeven is het eigenlijk net te veel."
Dochs wol hy net te folle stilstean by de wedstriid en it mooglik missen fan it kampioenskip. It hellet foar him de glâns net fan it seizoen ôf.
"Wat we met zijn allen hebben gedaan is fantastisch. Dan moet je die laatste wedstrijden wel winnen."
Foto 3. Jansen jout in assist yn de wedstriid tsjin FC Emmen (3 oktober, Cambuur - Emmen 3-2)
Op de tredde foto stiet Jansen sels net en dus sjocht hy fernuvere op as hy dy ûnder eagen krijt. Nei wat tinkwurk komt hy mei de oplossing.
"Oh dit is mijn assist tegen Emmen thuis", seit hy yn ôfwachting fan it befêstigjende knikje. "Dat weet ik nog wel ja."
Jansen mei dan wol keeper wêze, dochs stiet der ek in assist op syn namme. Yn de wedstriid tsjin Emmen sjit hy de bal nei foaren en úteinlik soarget Remco Balk foar de lykmakker tsjin Emmen.
"Ik heb wel vaker een bal zomaar naar voren geschoten dat er vervolgens een kans uit kwam, maar deze was wel ietsje meer gevoel."
Foto 4. Jansen hâldt alve kear de nul (7 novimber, Vitesse - Cambuur 0-4)
It wichtichste wat keepers wolle is de nul hâlde yn in wedstriid. It slagge Jansen alve kear yn 34 wedstriden.
"Al vertekent dat wel, want de ene keer doe je meer dan de andere. Maar het is voor een keeper altijd lekker."
Dochs is Jansen de wedstriid sels al wer ferjitten en tinkt hy earder werom oan ADO Den Haag út (1-2). Hy hold net de nul, mar it wie wol in krúsjale moeting neffens him.
"Vanaf toen voelde ik gelijk dat we zouden promoveren. Als je een directe concurrent zo over de knie kunt leggen, dan kan het niet meer stuk."
Foto 5. Jansen pakte noch gjin inkelde penalty (15 novimber ,FC Eindhoven - Cambuur 3-3)
De lêste foto is it ferbetterpunt fan Jansen foar oar jier. Hy krige dit seizoen fiif penaltys tsjin, mar pakte der gjin ien.
"Er ging wel eentje op de paal dus die tel ik wel mee", laket Jansen. "Maar dat moet wel echt beter ja. We oefenen er ook veel op."
Takom jier hopet Jansen yn de earedivyzje in kear in penalty tsjin te hâlden. Ut syn wurden is op te meitsjen dat hy net gau fuort sil by Cambuur en dus kinne de supporters oar jier op him rekkenje.
As de ferslachjouwer fan tsjinst freget oft er in moai aventoer yn it bûtenlân sitten sjocht, reagearret hy resolút.
"Dan moet het wel een heel erg mooi avontuur zijn, anders hoeft het niet. Ik zit hier lekker en wil graag blijven."