Omrop Fryslân

Cambuur kin it kampioenskip ferjitte nei minne wedstriid tsjin VVV: "Wist nei fiif minuten genôch"

Henk de Jong
© Dijks Media
Mei de promoasje wie it grutste doel foar SC Cambuur al in feit, mar dêr liket it ek by te bliuwen foar de Ljouwerters. Nei in 3-0 ferlies tsjin VVV-Venlo is it kampioenskip hast net mear mooglik.
Der steane noch fjouwer wedstriden op it programma en de efterstân op ADO Den Haag is sân punten. De Hagenaren hienen it freed efkes dreech yn de earste helte, mar slaggen deryn mei 4-2 te winnen fan Jong Ajax.
Dyselde fearkrêft hie Cambuur net tsjin VVV-Venlo. De Limboargers wienen effektyf en lieten Cambuur op de earste fiif minuten nei gjin momint yn de wedstriid komme.
"Nei fiif minuten wist ik al genôch", seit Cambuurtrainer Henk de Jong. Doe kopte Jort van der Sande de bal fan tichtby oer de VVV-goal. "Sa'n bal moat der gewoan yn, dêrnei glûpte de wedstriid ús út de hannen."
De titel giet nei ADO Den Haag, wit Cambuurtrainer Henk de Jong
It promoasjefeest siet de ploech net mear yn 'e fuotten, seit De Jong. "Mar wol yn de kopkes. Ik haw krekt mei de jonges praat, gjinien docht dit mei sin."
"It siet der gewoan net yn. Je moatte oan de bal hiel goed wêze om tsjin harren systeem te spyljen, dat wienen we net. Dan krijst it dreech en dan makke dy spits ek noch trije wrâldgoals", fertelt De Jong oer Dean Zandbergen, dy't hy in 'ynteressante jonge' neamt.
It kampioenskip liket yn elts gefal beslikke yn it foardiel fan ADO, seit ek oanfierder Mark Diemers. "Als je heel realistisch kijkt, is het kampioenschap zo goed als klaar", seit hy.
Mark Diemers oer it kampioenskip nei de 3-0 ferliespartij by VVV
"ADO is vrij stabiel, eerlijk gezegd denk ik niet dat ze dit nog weggeven."
Dizze misser hat fierder gjin grutte gefolgen, tinkt Diemers. "We moeten ons weer oprichten en maandag spelen we weer in een uitverkocht stadion."
"Dan gaan we de mensen weer vermaken."

Ljochtpuntsje

Wie der dan dochs noch in ljochtpuntsje foar Cambuur? Ja, it debút fan Danyello Look. De jeugdspiler kaam der yn de twadde helte yn.
Nettsjinsteande it ferlies wie it in spesjale jûn foar Look. "Geweldig, het vertrouwen van de club krijgen, is heel fijn. Hier heb ik hard voor gewerkt."
Danyello Look makke syn debút foar Cambuur
De 19-jierige linksbûten hie 'een klein trilmomentje' doe't hy te hearren krige dat hy ynfalle mocht, mar hy koe him gau rjochtsje op de wedstriid.
"Het is best spannend, iets wat ik nog nooit gevoeld had. Minuten maken bij de onder-21 is anders dan dit met een paar duizend toeschouwers."
"Een klein beetje trillende beentjes, maar ik heb me gefocust en geprobeerd de ploeg te helpen."
Moandei krijt Look miskien wol wer in kâns. Dan is FC Dordrecht yn it eigen Kooi Stadion de tsjinstanner.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.