Omrop Fryslân

Peaskesnein om seis oere moarns nei tsjerke: "De tiid dat it fan tsjuster wer ljocht wurdt"

Hinne Wagenaar
© Omrop Fryslân
Dêr't foar in soad minsken Peaske bestiet út it sjen nei the Passion, it iten fan sûkelade-aaikes, it skilderjen fan hinne-aaien en it mei-inoar genietsjen fan in peaske-brunch, is dat foar de kleasterlingen op Nijkleaster hiel oars.
Nijkleaster is in - sa't inisjatyfnimmer Hinne Wagenaar it omskriuwt - nij monastyk projekt, dêr't besocht wurdt om op in moderne wize de âlde wiisheid fan it kleasterlibben opnij klinke te litten. De kearnwurden dêrby binne stilte, besinning en ferbining.

Kapel fan de âlde Friezen

Sittend yn de 'kapel fan de âlde Friezen' mei "de skiednis yn 'e rêch" fertelt Hinne Wagenaar oer Nijkleaster en de fiering fan de peasketiid. De kapel is boud fan Friezen, dat binne kleastermoppen. Dy komme út in hiel soad âlde kleasters.
De kleastermienskip fan Nijkleaster bestiet út sân permaninte bewenners, dy't op it terrein fan kleaster Westerhûs wenje en út noch sa'n tweintich oaren dy't der net wenje, mar wol hiel regelmjittich binne.
Der binne eins ek altyd gasten, dy't in oantal dagen yn de gasteferbliuwen útfanhûzje en dan ek meidogge oan it moderne kleasterlibben.
Dat bestiet út in trijetal fieringen deis, meditaasje en wurkje.
It kleaster Westerhûs: in ferboude pleats tusken Jorwert en Hilaard
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De peasketiid is in wichtige perioade fertelt Hinne Wagenaar. "Peaske leit ticht by de hurde werklikheid. Ticht by hjoed-de-dei. Hoe't hjoed-de-dei minsken ombrocht wurde is ferskriklik, mar dêr besykje wy wat tsjinoer te setten".
Foar de kleasterlingen begjint de Peaske mei de fjirtichdagentiid. "Dan dogge we oan modern fêstjen. Foar de ien betsjut dat dat er alle moarntiden in skoft oan it skriuwen is, in oar hâldt in skoftke op mei sosjale media. Mar it giet altyd om tichter by dysels te kommen."
Stille sneon is foar ús letterlik in stille sneon. Wy prate dan sa min mooglik.
Hinne Wagenaar oer de peasketiid yn Nijkleaster
De snein foar Peaskesnein is Palmsnein en it begjin fan de Goede Wike. "Op wite tongersdei ite wy mei-inoar yn tsjerke en dan fiere wy it lêste miel dat Jezus hân hat. Op Goedfreed gean we ek wer nei tsjerke en dan komt Stille Sneon."
"Dat is by ús echt in stille sneon. Wy binne dan safolle mooglik stil en prate sa min mooglik".
Nei Stille Sneon folgje wichtige oeren: "Nei de jûnsfiering wurdt der fan healwei alven ôf wekke. We wachtsje dan yn stilte op it ljocht want kinne we it echt leauwe dat der nij libben komt en dat der opstanning is?"
De kapel fan de âlde Friezen fan boppe-ôf besjoen
© Kleaster Westerhûs
Yn dizze nacht fan stilte en mei-inoar meditearjen gripe de kleasterlingen werom op it bibelske ferhaal dat Jezus yn de nacht fan syn dea wekke mei syn freonen. Dy holden dat hast net fol en foelen yn sliep. "Dat sil ús ek fêst oerkomme", laket Wagenaar.
Om seis oere moarns is de stilte oer en begjint de peaskefiering yn de tsjerke fan Jorwert. "Dat is ek it momint dat it letterlik fan tsjuster wer ljocht wurdt."
Eartiids wisten wy presys wat wy betinke mei Peaske en koene wy dêr in ien-twa-trije antwurd op jaan
Hinne Wagenaar oer de betsjutting fan Peaske
Hinne Wagenaar moat even laitsje as him frege wurdt nei wat Peaske foar him persoanlik betsjut.
"Froeger wisten we dat presys en koest dêr in ien-twa-trije antwurd op jaan. Hjoed-de-dei binne wy dêr folle hoedener mei want wy wolle oaren net fertelle hoe't it sit."

Leaver harkje nei Hinne Wagenaar?

De reportaazje mei Hinne Wagenaar op Nijkleaster wie te hearren op snein 5 april tusken 11:00 en 12:00 oere yn it radioprogramma Buro de Vries en is ek werom te harkjen as podcast.
"Mar ast fregest wat it foar my betsjut, dan soe ik no sizze: yn alle hurdheid, alle geweld, en alle skerpe kanten fan it libben fiere wy dat nettsjinsteande alles, de sachte krêften, de leafde en de goedens it úteinlik winne sille fan alle kwea."
Kleaster Westerhûs út de loft wei, mei op de foargrûn de kapel fan de âlde Friezen
© Kleaster Westerhûs
Yn alle fieringen dy't der op Nijkleaster plakhawwe, stiet de foargonger stil by de aktualiteit. Dat is mei Peaske net oars en Hinne Wagenaar wrakselet dêr wol wat mei.
"Wy fine dat leafde it iennichste wapen is. Mar dat skuorret ast sjochst wat der geande is yn de wrâld. Hâlde wy dit stânpunt fol? Mar dochs.... Peaske like ek op de dea út te rinnen en úteinlik winne de goede krêften."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.