Fjirtich dagen sûnder plestik: tsjerken koerse duorsum op Peaske ôf

Pexels
In tsjerkerút © Pexels
Fjirtich dagen foar Peaske is yn tradisjoneel kristlike kringen de fêsteltiid, de vastentijd. Dy begjint woansdei. Yn Ljouwert hawwe tsjerkemienskippen mei elkoar betocht om de tiid te brûken foar duorsume inisjativen. En se wolle plestikfrij fêstje.
Fêstje is jesels hielendal of foar in part ûnthâlde fan iten of drinken. De Ljouwerter tsjerken wolle dat plestikfrij dwaan. Janneke Lettinga fan de organisaasje leit út hoe't dat wurket.
"Je ite en drinke wol, mar je ite wat net wat je gewoanwei wol dogge. Bygelyks fjirtich dagen gjin fleis ite. Mar mei plestikfrij wolle we besykje om fjirtich dagen lang, as útdaging, sjen oft we mei minder plestik libje kinne."
Plestikfrij fêstje
Janneke Lettinga en Petra van der Wal mei de boekjes fol tips en aktiviteiten © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Alve tsjerken yn Ljouwert hawwe mei it evenemint Bosk lêzingen en workshops hâlden. Neidat Bosk dien, wie fûnen se it skande om dermei op te hâlden. Doe ûntstie it konvenant Griene Tsjerken. Dat bestiet út ôfspraken om fjouwer jier lang doelen te stellen en in aktiviteit te organisearjen.
De Doopsgezinde gemeente komt mei plestikfrij fêstjen. Bygelyks: wêr en hoe kinne je plestikfrij boadskippen dwaan?
Sa wolle se bewust wurde fan it plestikgebrûk en patroanen feroarje. Sjoch ris wat je yn in wike oan plestik ynkeapje. Ferfang bygelyks de ferpakking fan ien produktsoart of meitsje sels sjippe of allesreiniger.
Plestikfrij fêstje
Keunstwurk fan plestik ôffal, makke troch bern © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der binne foar jong en âld duorsume inisjativen, lykas in Repair Kafee foar tekstyl, it oprêden fan rommel, in stedstoer ôffalfrij winkeljen en sels plestikfrij boartersguod meitsje.
"Dat dogge we by de Oerfloed fan in learskoalle foar de Permakultuer", fertelt mei-organisator Petra van der Wal. "Dat is in mienskiplike proeftún fan ien bunder grut. Wy wolle dêr mei bern de natuer yn om sels boartersguod en muzykynstruminten te meitsjen."
It inisjatyf fjirtich dagen plestikfrij fêstje komt fan de tsjerken út, mar de aktiviteiten binne foar eltsenien bedoeld. Dêrom hawwe se in webside en sette se noch in account op op sosjale media.It moat sa leechdrompelich mooglik wurde.
Yn it boekje Veertig Dagen Plastic Vrij Vasten en op in spesjale webside stean alle aktiviteiten oant de Peaskedagen en tips. Om minder plestik te brûken, mar ek om miljeufreonliker te himmeljen of boadskippen te dwaan.