Feestnoazen yn Fryslân: it karnaval as tradysje mei wikseljend sukses

Argyfbyld fan in karnavalsoptocht yn Snits
Argyfbyld fan in karnavalsoptocht yn Snits © Omrop Fryslân
Karnaval wurdt foaral ûnder de rivieren fierd, mar dochs is der ek in tal Fryske plakken dêr't it feest sneon losbarst. Dat bart ûnder oare yn Pipegaelsgea, Fyfkesryk en Bokkedam.
De tradysje fan karnaval giet yn Fryslân minder fier werom as yn de súdlike provinsjes. De feesten binne dan ek folle beskiedener.
It Fryske doarp dêr't al it langst en noch hieltyd karnaval fierd wurdt, is Steggerda. Al yn 1963 waard dêr in karnavalsferiening oprjochte: De Bûtenbieners.
It inisjatyf dêrfoar kaam by Jongerencontact wei, in klup dy't ek dûnsjûnen yn it parochyhûs organisearre. Dêrby waarden ek wol katolike susterferieningen útnûge.
Jongelju yn it doarp hiene wol nocht yn it feest. Om te witten hoe't it karnaval krekt fierd wurde moast, waard de help ynskeakele fan feriening 't Blauwe Striekske út it Valburg. Dizze Gelderske feriening stipe mei it organisearjen fan de earste karnavalsjûn yn Steggerda.

Fan oarsprong katolyk

Karnaval is fan oarsprong in katolyk feest, dus it is ek net sa nuver dat it yn it fan oarsprong protestantske Noarden minder plakfynt as yn it katolike Suden. Ek yn Fryslân wurdt it foaral organisearre yn doarpen dêr't in katolike tsjerke stiet.
It iuwenâlde folksfeest wurdt fierd yn de perioade foar de fêsteltiid. Nei alle gedachten komt it wurd 'karnaval' fan 'carne' (fleis) en 'vale' (farwol), dat ferwiist nei de fêsteltiid wêrby't der gjin fleis iten waard.
Argyfbyld fan it karnaval yn 'Bokkedam'
Argyfbyld fan it karnaval yn 'Bokkedam' © Omrop Fryslân
It is hjoed-de-dei foaral in feest fan ferklaaie, optochten, muzyk en fansels in drankje. Alle jierren kiest in karnavalsferiening in prins, dy't as in soarte seremoanjemaster in wichtige rol spilet by de feestlikheden.
De karnavalsperioade set offisjeel útein op de 11e fan de 11e. By in soad ferieningen wurdt op 11 novimber ek de prins keazen. It sifer 11 stiet sintraal mei it karnaval: it is it getal fan de healwizen.

Yn de jierren 60

Karnaval wurdt yn Limboarch en Brabân al iuwen fierd, mar pas yn de jierren 60 waard it feest yntrodusearre yn it Noarden. Ut freoneploegen en dûnsklups wei waarden karnavalsferieningen oprjochte troch Friezen dy't ek wol nocht hiene yn dy Brabântske geselligens.
Ek al wurde der op guon plakken wol karnavalstsjinsten holden, faak binne de karnavalsfeesten yn it Noarden net bot mei de tsjerke ferbûn.
Plakken mei aktive karnavalsferieningen
Plakken mei aktive karnavalsferieningen © Omrop Fryslân
Yn Snits wurdt it karnaval organisearre troch feriening De Oeletoeters. It karnaval dêr is ien fan de gruttere karnavalsfieringen yn it Noarden fan it lân.
Der is in optocht, karnavalsmis en sels in oerdracht fan de stedskaai troch de boargemaster. Dy oerdracht fynt - hoe kin it ek oars - om klokslach 11.11 oere plak.
Argydbyld fan in karnavalstsjinst
Argydbyld fan in karnavalstsjinst © Omrop Fryslân
In soad doarpen en stêden hawwe mei karnaval in alternative namme, in tradysje dy't út Brabân wei oerwaaid is. Snits hjit mei karnaval 'Drabbelterp': in ferwizing nei de Snitser spesjaliteit drabbelkoek en de lizzing fan de stêd om in terp hinne.
In eintsje westlik fan Snits wurdt it katolike Blauhús omdoopt ta 'Fyfkesryk', ferwizend nei in fyfke (in kwartsje). Ek hjir begûn in dûnsklup mei it feest, de Kwartsjeklup.

Mei wikseljend sukses

In oare fan oarsprong katolike enklave is Sint Nyk, mar gek genôch is it dêr noait ta in wiidweidich karnavalsfeest kaam. Yn de jierren 60 is der al in feriening oprjochte, De Hakketakkers. Mar binnen in jier as tsien ferdwûn dy ek wer. It karnaval kaam net echt fan de grûn.
Dit jier wie der wol in karnavalsfeest yn Sint Nyk, mar dan as losse feestjûn, organisearre troch jongereinklup KPJ.
Karnaval yn De Tynje yn 2009
Karnaval yn De Tynje yn 2009 © Omrop Fryslân
Munnikebuorren hat ek al jierren in eigen karnavalsfeest yn jeugdhonk 't Honk. It doarp wurdt dan 'Veenhappersgat' neamd.
Yn Ljouwert waarden yn 1972 en 1999 ferieningen opset, De Bielskes en De Olde Bereleut, mar echt grut waard it feest yn de haadstêd ek net. Ljouwert hie mei karnaval de namme 'Galgendonck.'