De Arke fan Noäch leit yn Frjentsjer: wat moat dy dêr?
In grutte arke fan 70 meter lang en fjirtjin meter heech leit oant ein septimber yn Frjentsjer. In opmerklik sicht, wat docht it gefaarte yn 'e stêd?
It giet om de VerhalenArk fan eigener Aad Peters. Hy kocht it grutte skip fyftjin jier lyn en brûkt it as ferhaleferteller.
Yn 2012 kaam er foar it earst nei Fryslân mei de arke, doe nei Drachten en letter noch nei Ljouwert en Harns.
No leit de arke oan yn Frjentsjer. "Een obstakel", seit Peters. "Je weet niet wat je ermee moet, het is geen woning en geen boot."
"Het is eigenlijk nog steeds het verhaal van 3.000 jaar geleden", seit Peters, al is Noäch no wol yn in nij jaske stutsen. Mei help fan fysike dekôrs en AI wurde de Bibelske ferhalen op de arke útbylde.
Peters wie yn it ferline al yn Noarwegen en Ingelân mei de arke, no wie Frjentsjer oan bar. "Eerst dacht ik: wat moet ik met Franeker?", fertelt Peters.
"Maar het is best een interessant stadje, ze hebben mooie musea. Ik werd door Franeker verrast."