Omrop Fryslân

Jongeren yn ferset tsjin militarisme: "Wy wolle gjin wrâld fan oarloch"

Jongerein makket protestbuorden
© Omrop Fryslân
Wylst de oerheid hieltyd mear jild útjout oan definsje, groeit by guon jongeren it ferset. Wêrom geane miljarden euro's nei wapens ta en wurdt op ûnderwiis en soarch besunige?
Yn de FryslânDOK 'Mear wapens is mear oarloch' folgje we jonge aksjefierders dy't de strjitte op geane om te protestearjen tsjin it militêre systeem.
Antymilitaristyske jongeren slute har oan by politike organisaasjes lykas ROOD en de Revolutionair Socialistische Partij (RSP), aktyf yn it hiele lân, ek yn Ljouwert.
Neffens harren leit de oarsaak fan it geweld by it kapitalisme. Dy striid draait om jild, macht, lân en grûnstoffen.
Yentl sjocht kapitalisme as oarsaak fan oarloch en geweld
© Omrop Fryslân
"De kern van het kapitalisme is dat het winst boven mensen en menselijkheid zet. Boven het klimaat, boven mensen die doodgaan", seit Yentl.
"Zolang wij er maar aan verdienen. Het kapitalistische systeem is corrupt tot de kern."
Je kunt niet simpelweg zeggen: ik wil vrede, en dan maar hopen dat het goedkomt.
Danny, ien fan de aksjefierders út 'Mear wapens is mear oarloch'
It is in oar lûd as it pasifisme fan de tradisjonele fredesbeweging. "We strijden voor hetzelfde doel, we willen geen oorlog", seit Danny.
"Maar pacifisten zeggen: 'nu alle wapens neer, alles moet vreedzaam.' Hun protesten zijn vaak zonder politieke kleur."
Danny op de 'Rode Lijn'-demonstraasje tsjin it geweld yn Gaza
© Omrop Fryslân
Mar sûnder polityk komst der net, tinkt Danny: "Je moet een systeem creëren dat leidt tot vrede. We zitten nu in een systeem dat leidt tot oorlog. Je kunt niet simpelweg zeggen: ik wil vrede, en dan maar hopen dat het goed komt. Je moet organiseren. Je moet vrede afdwingen."
Dy wapens wurde brûkt om minsken earne oars op 'e wrâld te fermoardzjen.
Trynke, aksjefierder tsjin militarisme
De aksjefierders protestearren mei de ynternasjonale fleanoefening Ramstein Flag yn Ljouwert yn april 2025. "Dy fleanoefening is om de wrâld sjen te litten hoe sterk as we binne. Mar ik fyn it foaral hiel ferskriklik," seit Trynke.
"Dy wapens wurde brûkt om minsken earne oars op de wrâld te fermoardzjen. Foar de belangen fan in pear minsken."
De aksjefierders krije faak te meitsjen mei skellende minsken lâns de kant fan de dyk. "Klootzakken, ga naar Rusland toe! Oppakken dat tuig!"
Trynke fertelt wêrom't sy aksjefiert tsjin it leger
© Omrop Fryslân
Yn de jierren tachtich demonstrearren hûnderttûzenen minsken tsjin kearnwapens. Nei de fal fan de Berlynske muorre yn 1989 wie der hoop op in freedsumere wrâld.
Mar dy tiid liket fier fuort. De ynternasjonale spanningen nimme ta. De oarloch yn Oekraïne en de oanfal fan Trump op Iran meitsje de kâns grutter dat Nederlân ek by in oarloch belutsen rekket. NAVO-sjef Mark Rutte stiet achter Trumps oarloch mei Iran.
Rutte seit dat de NAVO "earliker, sterker en deadliker" wurde moat.
© NATO news
De NAVO-lannen hawwe yn juny 2025 ôfpraat dat se folle mear jild oan definsje spandearje sille. Yn Nederlân komme gruttere militêre fleanfjilden, mear strieljagers en oefenterreinen. De kriichsmacht wurdt útwreide, mooglik komt de tsjinstplicht werom.
Yn 2026 leit it definsjebudzjet op 26,8 miljard euro. Dêr wol it kabinet yn de kommende fjouwer jier noch 19 miljard boppe-op dwaan as 'frijheidsbydrage', betelle troch hegere belestings.
Soldaten op oefening
© Ministerie van Defensie
Yn de dokumintêre 'Mear wapens is mear oarloch' geane de jonge aktivisten yn petear mei trije 'totaalwegerders' dy't begjin jierren tachtich de finzenis yn moasten: Willem Bosma, Stephan Kraan en Willem de Haan.
Se freegje har ôf wêrom't der net mear protest is tsjin oarloch en geweld. Stephan Kraan: "Het is heel vreemd. Terwijl we nu meer dan ooit zien wat er in die oorlogen gebeurt, is de stilte oorverdovend."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.