Grutte opkomst by Rode Lijnmanifestaasje Oerol: "Mega indrukwekkend"
Sa'n trije- oant fjouwertûzen minsken wiene neffens de organisaasje snein op it strân fan Skylge by de Rode Lijnmanifestaasje fan Oerol.
Oerol krige de lêste dagen fanút it publyk en makkers de fraach oft de organisaasje ek wat dwaan soe mei de Rode Lijnmanifestaasje dy't yn Den Haag is.
"Hier hebben we gehoor aan gegeven", fertelt Sabine Pater fan Oerol. "Juist om ruimte te bieden aan mensen die anders graag naar Den Haag hadden willen gaan, maar hier bijvoorbeeld moeten spelen of werken."
Rode Lijnprotest yn Den Haag
Yn Den Haag is snein in Rode Lijnprotest organisearre troch helporganisaasjes Oxfam Novib, Pax, Amnesty International, Save the Children en Artsen zonder Grenzen.
Sy en de demonstranten roppe it demisjonêre kabinet op om mei in koerswiziging te kommen mei stevige sanksjes foar Israel. Hjir kamen hûnderttûzen minsken op ôf.
Op it strân by West oan See is snein oan it begjin fan 'e middei in hiele lange sliert fan minsken mei reade klean oan te sjen en reade flaggen.
In frou mei twa flaggen yn de hannen wie oars nei de manifestaasje yn Den Haag ta gien, mar omdat se op Oerol is, nimt se de gelegenheid om hjir te demonstrearjen. "Na de vorige grote demonstratie is er niet veel veranderd", seit se.
"Dus ik denk dat we onze stem heel hard moeten laten horen voor de mensen in Gaza."
Grutte opkomst by Rode Lijnmanifestaasje op Oerol
Op har reade flaggen steane de teksten 'Stop this war' en 'Stop the massacre in Gaza'.
"Er worden heel veel onschuldige mensen vermoord en een volk wordt uitgeroeid. Wat ik kan doen is laten zien dat het niet goed is", seit in oar.
Fryske makker Joost Oomen is frege om in gedicht foar te dragen. "Het was even passen en meten tussen alle voorstellingen door, maar het is gelukt. Het was echt mega-indrukwekkend. Die lijn was zo lang", ropt Oomen út. "Als Oerol gaat protesteren moet het ook wel iets bijzonders zijn."
Hy hellet de foarige kear dat Oerol demonstrearre oan. "Toen ging het over de bezuinigingen van Halbe Zijlstra. Dit is een heel belangrijke zaak en dat iedereen is komen opdagen, daar ben ik heel blij mee."
Joost Oomen draacht in gedicht foar
Neffens Pater past dizze manifestaasje goed by Oerol, want kultuer is neffens har ek politiyk. "Wij hoefden er niet lang over na te denken. Natuurlijk moet je het even afstemmen, maar het is een ontzettend warme, vreedzame bijeenkomst van mensen met dezelfde boodschap: dat vrede en er voor elkaar zijn het belangrijkste is."
Omrop Fryslân op Oerol
Omrop Fryslân docht alle dagen ferslach fan Oerol op ynternet, radio en telefyzje. Fan it strjitteäter, jong Frysk talint oant foarstellingen sa as dy fan Nynke Laverman en byldzjende keunst middenyn de natuer fan Skylge. Oerol duorret oant en mei 22 juny.