Omrop Fryslân

Dizze bedraggen fertsjinje ús Fryske riedsleden en wethâlders

De boargemaster en wethâlders fan Ljouwert
© Omrop Fryslân
Fan de ferkiezingen nei de formaasje en úteinlik in nij gemeentebestjoer: de kommende tiid begjinne riedsleden en wethâlders yn Fryslân oan in nije perioade. Mar wat fertsjinje ús lokale folksfertsjintwurdigers no eins?
Om te begjinnen: der is in grut ferskil yn beleanning en wurksumheden tusken riedsleden en wethâlders.
It riedslidmaatskip is in saneamde njonkenfunksje; de measte riedsleden hawwe dêr in 'gewoane baan' njonken. It wethâlderskip is in mear as folsleine baan en yn prinsipe net te kombinearjen mei in oare (betelle) funksje.

Fergoeding of besoldiging

Dat is ek werom te sjen yn de tiidsbesteging. Riedsleden soene yn trochsneed sa'n 20 oeren yn 'e wike kwyt wêze, sa blykt út ûndersyk fan de Nederlandse Vereniging voor Raadsleden. Foar wethâlders is dat yn trochsneed 54 oeren, neffens de Wethoudersvereniging.
Dan oer it jild: by riedsleden wurdt praat oer in fergoeding, wylst wethâlders besoldige wurde. Oars as by 'gewoan' wurk leit it moanlikse bedrach fêst: je kinne net ûnderhannelje oer de hichte fan de beleanning.

Oantal ynwenners

De fergoeding fan riedsleden en de besoldiging fan wethâlders binne basearre op it oantal ynwenners fan de gemeente dêr't sy aktyf binne. Koartsein: hoe grutter in gemeente, hoe mear in riedslid of wethâlder fertsjinnet.
Om riedsleden fan lytse gemeenten temjitte te kommen, lykas op de Waadeilannen, binne dêr de earste fjouwer ynwennerskategoryen kombinearre en krije sy itselde bedrach.
Besjoch hjir hoe't it yn dyn gemeente sit: (klik hjir as de kaart net goed wurket)
As je allinne nei de beleanning sjogge, dan moatte je yn de gemeente Ljouwert wêze. Riedsleden krije dêr in fergoeding fan 2.256,23 euro smoarch yn de moanne. Wethâlders yn de Fryske haadstêd barre moanliks 10.735,89 euro.
Dat is nochal in kontrast as je it fergelykje mei in lytsere gemeente, lykas op It Amelân. Riedsleden krije dêr hast 1.000 euro minder as harren kollega's yn Ljouwert: 1.305,79 euro.
As wethâlder komme je der op It Amelân yn fergelyk mei Ljouwert ek bekaaid út. It salaris dêr is 6.110,94 euro, wylst amtgenoaten yn de grutte stêd moanliks dus mear as 4.500 euro ekstra krije.
De gemeenteried fan Dantumadiel
© RTV NOF
Riedsleden en wethâlders krije njonken harren beleanning ûnder oare noch in ûnkostefergoeding. Foar riedsleden is dat 223,50 euro yn 'e moanne, foar wethâlders giet it om 507,99 euro.
Wethâlders kinne ek 8 persint fakânsjejild en in einjiersútkearing fan 8,3 persint temjitte sjen.

Lytse gemeenten

Yn Fryslân binne relatyf in protte lytse gemeenten. Sa falle alve fan de achttjin Fryske gemeenten foar riedsleden yn de leechste fergoedingskategory.
By grutte gemeenten mei mear as 375.000 ynwenners, lykas Amsterdam en Utrecht, lizze de beleannings in stik heger. Riedsleden krije dêr moanliks 3.200,00 euro en wethâlders barre goed 12.875,98 euro.

By wet fêstlein

De fergoeding fan riedsleden en besoldiging fan wethâlders binne by wet fêstlein yn it 'Rechtspositiebesluit decentrale politieke ambtsdragers'. Jierliks wurde de bedraggen yndeksearre. Op 1 jannewaris giene de fergoedingen foar riedsleden mei 5,3 persint omheech. Wethâlders krigen in ferheging fan 3,5 persint.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.