Omrop Fryslân

Mear as tweintich froulju ekstra de gemeenterieden yn troch foarkarstimmen

Stimmen telle
© Omrop Fryslân
Sa't it no liket komme der mear as tweintich froulju ekstra de Fryske gemeenterieden yn op basis fan foarkarstimmen. In definitive konklúzje kin dêr lykwols pas oer lutsen wurde as de ferkiezingsútslach offisjeel fêststeld wurdt troch it gemeentlike sintrale stimburo.
Yn prinsipe soenen oer de hiele provinsje 41 minsken op basis fan foarkarstimmen de ried yn komme: 27 froulju en 14 manlju. Dat betsjut fansels ek dat guon kandidaten dy't heger op de list stiene, ôffalle. Dat binne 36 manlju en 5 froulju.

Hoefolle foarkarstimmen binne der nedich foar in sit?

It ferskilt fan gemeente oant gemeente hoefolle stimmen oft der nedich binne om op basis fan foarkarstimmen yn de ried te kommen. Yn gemeenten mei mear as 19 sitten is it 25 prosint fan de kiesdieler (it tal stimmen dat nedich is foar ien sit).
En yn gemeenten mei minder as 19 sitten is dizze saneamde foarkarsdrompel 50 prosint fan de kiesdieler. De kiesdieler wurdt bepaald troch it tal jildige útbrochte stimmen te dielen troch it tal beskikbere sitten.
Dêrmei soenen der dus 22 froulju ekstra de Fryske gemeenterieden ynkomme as wannear't it allinnich om posysje op de list gean soe.
Yn totaal waarden der by de gemeenteriedsferkiezingen 410 sitten ferdield. It liket derop dat 148 dêrfan aanst troch in frou beset wurde.
Dêrby moatte we wol sizze dat it gemeentlike sintrale stimburo de útslach fêststelt, en dat de útkomst dêrtroch hjir en dêr noch wat ôfwike kin. Boppedat kinne der ferskowingen komme fanwegen riedsleden dy't trochskowe nei in posysje as wethâlder.

Measten yn Smellingerlân en Noardeast-Fryslân

Yn sawat alle gemeenten feroaret der wol wat troch de foarkarstimmen. Allinnich yn Dantumadiel, Harns, Amelân en Skylge komt der - safier't it no liket - gjinien op basis fan foarkarstimmen de gemeenteried yn.
Smellingerlân en Noardeast-Fryslân lykje de kampioen foarkarstimmen te wêzen, mei elts fiif kandidaten dy't it op basis fan harren posysje op de list net rêd hienen.
Nathalie Kramers krige fan alle kandidaten yn Fryslân de measte stimmen
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
As we in ranglist meitsje fan alle kandidaten fan de gemeenteried yn ús provinsje, dan hat Nathalie Kramers fan GroenLinks-PvdA yn Ljouwert de measte stimmen krigen (5.721).
Dat is in stik mear as Bauke Dam fan it CDA yn Súdwest-Fryslân (4.441) en Julie Bruijnincx fan D66 yn Ljouwert (3.697).

776 stimmen net genôch

De folsleine top-10 bestiet út listlûkers. Petra van den Akker, de nûmer twa fan it CDA yn Súdwest-Fryslân is op plak tolve de kandidaat mei de measte stimmen dy't gjin nûmer ien op de list wie.
Annalies Woudstra is de persoan dy't de measte stimmen krigen hat en dochs net de gemeenteried ynkomt. De nûmer twa fan de Partij voor de Dieren yn Ljouwert krige 776 stimmen, mar har partij behelle mar ien sit.

Top-10 kandidaten mei measte stimmen

Namme Tal stimmen Partij Gemeente
1. Nathalie Kramers 5.721 GL-PvdA Ljouwert
2. Bauke Dam 4.441 CDA Súdwest-Fryslân
3. Julie Bruijnincx 3.697 D66 Ljouwert
4. Marianne Poelman 3.606 GL-PvdA Súdwest-Fryslân
5. Kevin Oudhuis 3.250 Forum voor Democratie Ljouwert
6. Hanna van der Werff 2.825 SAM Waadhoeke
7. Marcel Visser 2.586 VVD Ljouwert
8. Abel Reitsma 2.294 CDA Ljouwert
9. Jan Willem Tuininga 2.221 FNP Ljouwert
10. Cor Flapper 2.220 CDA De Fryske Marren
Yn totaal besochten 2.774 minsken in sit te heljen yn de Fryske gemeenterieden. Fyftjin fan harren krigen gjin inkelde stim.
Dêr sitte trije kandidaten fan de partij SL!M yn Ljouwert by, de nûmer 25, 32 en 40. It wie miskien ek wat ambisjeus om 48 minsken op de list te setten foar in gemeente mei 39 sitten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.