Striid oer fergunningen en natuerympakt, mar bou grutste driuwende sinnepark giet foarearst troch
It moat it grutste driuwende sinnepark fan Nederlân wurde; yn de buert fan it sânwinplak by Skûlenboarch wurdt hurd wurke oan it projekt. Mar wylst de bou gewoan trochgiet, rinne der meardere juridyske prosedueres en is der in protte ûndúdlikheid oer de ekologyske gefolgen fan it projekt.
It sinnepark is in gearwurking tusken enerzjykoöperaasje Enerzjyk Skûlenboarch, de gemeente Tytsjerksteradiel en it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE). It park moat sa'n 46 megawatt duorsume stroom opsmite. De gemeente Tytsjerksteradiel ynvestearret foar 6,9 miljoen euro yn it projekt.
Konflikt oer fergunning
No is der lykwols gedoch, en dat hat te krijen mei de wetterfergunning fan Wetterskip Fryslân. Neffens it wetterskip is de fergunning dy't op 19 desimber 2023 ôfjûn waard noch altyd jildich. By de betingsten wie lykwols opnaam dat de wurksumheden binnen achttjin moannen úteinset wêze moasten.
Tsjinstanners stelle dat dat net bard is. It iennige wurk wat foar de deadline fan 19 juny 2025 útfierd is, soe in boaiemûndersyk wêze. De tsjinstanners fine dat dat ûndersyk net as 'start fan de wurksumheden' sjoen wurde kin. Neffens harren wie dat allinnich mar tariedend wurk. Dêrmei soe de fergunning no net mear jilde.
It Wetterskip sjocht oars nei de saak: it fynt dat it boaiemûndersyk wol telt as wurk dat ûnder de fergunning falt.
Dochs ferliende it Wetterskip yn desimber 2025 in nije fergunning. Letter joech de organisaasje oan dat it bedoeld wie as brief om te befêstigjen dat de âlde fergunning noch fan krêft wie.
Yntusken rinne der ferskate berops- en beswierprosedueres. De foarsjenningerjochter behannelet in spoedfersyk om it wurk stil te lizzen oant dúdlik is hokker fergunning oft jildich is. In datum foar de útspraak is lykwols noch gjin datum en de bou fan it sinnepark is al úteinset.
Omfang sinnepark
Ek oer de grutte fan it park is striid. Yn de omjouwingsfergunning stiet dat it sinnepark maksimaal 24,5 bunder wêze mei. Mar útfierder ELIX praat yntusken fan in sinnepark fan 35 oant 40 bunder.
De gemeente Tytsjerksteradiel, Wetterskip Fryslân en de provinsje hawwe oanjûn nei it wykein mei antwurden te kommen.
Ek oer de ekologyske beoardielingen besteane twivels. Yn in offisjele natuertoets, útfierd troch it bedriuw BügelHajema, stiet dat de lokaasje yntusken leefgebiet wurden is fan meardere beskerme soarten. Der soe oanfoljend ûndersyk nedich wêze nei ûnder mear de see-earn, ferskate soarten flearmûzen, de otter en de iisfûgel.
Boppedat soe trochrekkene wurde moatte oft de oanlis fan it sinnepark stikstofdeposysje feroarsaket yn Natura2000-gebieten yn de omjouwing.
In twadde rapport, makke troch it bedriuw Eelerwoude, seach allinnich nei de ympakt fan it sinnepark op de see-earn. De konklúzje yn dat rapport is dat it sinnepark foerazjeargebiet weinimt, mar dat der yn de regio genôch oare fan sokke gebieten oanwêzich binne.
Der soenen, sa konkludearret Eelerwoude, gjin oanfoljende maatregels en fergunningen nedich wêze. In hiel oare konklúzje as yn it rapport fan BügelHajema dus. Dat lêste ûndersyksburo stelt sels dat it om in essinsjeel foerazjeargebiet foar see-earnen giet.
Yntusken geane de wurksumheden gewoan troch. It sinnepark moat yn septimber 2026 yn gebrûk naam wurde. Oft dat ek slagget hinget ôf fan hoe't de juridyske prosedueres útpakke sille.