Driuwend sinnepark by Aldehaske moat jild opsmite foar lokale enerzjytransysje

It driuwende sinnepark
It driuwende sinnepark © Jorrit Meinsma, Omrop Fryslân
Sûnt begjin dit jier bliuwe de ynkomsten fan it driuwende sinnepark noardlik fan Aldehaske binnen de gemeente Hearrenfean. Dat kin no't in lokale enerzjykoöperaasje eigener wurden is fan it park.
Sa kinne de ynkomsten fan it sinnepark 'De Dolten/Oudehaske' op yndustryterrein Haskerveen op It Hearrenfean tenei brûkt wurde foar oare inisjativen op it mêd fan de enerzjytransysje yn de gemeente, seit Rommert Stellingwerf fan de Samenwerkende Heerenveense Energie Coöperatie (SHEC).
"Wy ha grutte plannen. It is ús bedoeling om de kommende jierren de gemeente Hearrenfean foar in grut part fan stroom en waarmte te foarsjen. En dat dogge wy ûnder oare mei dizze parken."
55.000 driuwende sinnepanielen by Aldehaske binne yn lokale hannen
It driuwende sinnepark njonken de A7 hat 38.000 sinnepanielen en in kapasiteit fan rom 20 Megawatt. Mei de 17.000 panielen fan it sinnepark derneist, ek yn hannen fan SHEC, wurdt griene stroom opwekt foar sa'n 8.000 hûshâldingen yn de gemeente.
"Wy moat fansels de kommende jierren de ynkomsten brûke om de liening by de bank ôf te beteljen", leit Stellingwerf út. "Mar op termyn smyt dit alle jierren hûndertûzenen euro's op. Dat jild ferdwynt dan net nei bûtenlânske ynvestearders, mar de minsken hjir profitearje der wer fan."

Gemeente is tefreden

"Ik ha grutte wurdearring foar dizze minsken en wat se dogge", seit wethâlder Jelle Zoetendal fan de gemeente Hearrenfean.
"Dat dizze parken yn lokale hannen kaam binne, fine wy hiel wichtich. Want it betsjut dat it net allinnich mar de 'lasten' binne dy't hjir bedarje, mar ek de 'lusten'."
It driuwende sinnepark by Aldehaske
It driuwende sinnepark by Aldehaske © Jorrit Meinsma, Omrop Fryslân
Dêrneist helpt it wurk fan de koöperaasje de gemeente. "Tink bygelyks oan it werombringen fan de CO2-útsjit", leit Zoetendal út.
"Dy komt frij by it opwekken fan stroom, mar troch dizze parken is dat folle minder nedich. Boppedat is it moai dat sa'n djippe plasse, wêr't sân út wûn is, no dochs noch wer nuttich brûkt wurde kin."

Ambysje

De gemeente wol de kommende jierren dan ek graach fierder mei de gearwurking mei de koöperaasje.
"Sy komme by de realisaasje fan harren ambysjes allegearre yngewikkelde fraachstikken tsjin. Tink oan fersekeringen, finansiering of oanspraaklikens. Wy wolle as gemeente de kommende tiid jild frij meitsje om dizze minsken dêrby te helpen, want oars wurdt it allegearre wol hiel dreech foar in ploech frijwilligers."