LDODK wint en hat thúsfoardiel yn heale finale
In plak yn de play-offs wie al wis foar de kuorballers fan LDODK, mar no binne se ek wis dat se de heale finale thús spylje.
Dêrfoar moast LDODK sels winne yn Harderwijk. Tsjin Unitas/Perspectief waard it 17-23. Jurjen Veenstra wie mei fiif punten de grutte man foar de ploech.
Fierder wie it mooglike thúsfoardiel ôfhinklik fan potinsjeel puntferlies fan DVO. Dy ploech ferlear mei 20-23 fan koprinner Fortuna.
Dêrtroch spilet LDODK yn de heale finale yn de eigen sporthal.
Mear sportnijs fynst yn it livebloch fan dizze wike: