Liveblog
|
29 maart
Hearrenfean stunt tsjin Feyenoord | LWD Basket wint spannend treffen mei Leuven Bears
Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan dit bloch.
Lêst bywurke: 29 maart, 18:43
snein 29 maart
18:43
Hearrenfean stunt tsjin Feyenoord
De froulju fan sc Hearrenfean hawwe soarge foar in ferrassing yn de earedivyzje. De Friezen wienen mei 2-1 te sterk foar Feyenoord, dat oant snein noch mar twa kear ferlern hie dit seizoen.
Hearrenfean, dat yn de middenmoat stiet, kaam nei in lyts healoere op foarsprong fia Evi Maatman. Tsien minuten letter soarge Mao Itamura foar de 1-1.
De wedstriid bleau spannend oant it lêste momint. Doe't eltsenien him der al by deljûn hie dat de wedstriid yn in lykspul einigje soe, skoarde Hearrenfean de 2-1.
Yn de 90e minút besoarge ynfalster Roos de Haas de Friezen trije punten.
Hearrenfean hat no 23 punten út 17 wedstriden en stiet dêrmei op it sânde plak.
17:59
LWD Basket wint spannend treffen mei Leuven Bears
Yn it lêste seizoen as profesjonele basketbalklup hat LWD Basket nei in spannende wedstriid wûn fan Leuven.
Troch in twapunter fjirtjin sekonden foar tiid fan Christopher Maidoh wûnen de Ljouwerters mei 84-82.
Topskoarer oan de side fan LWD Basket wie Leo O'Boyle mei 21 punten.
16:16
Hartthijs de Vries lit him sjen yn In Flanders Fields
Hurdfytser Hartthijs de Vries hat him goed sjen litten by de wedstriid In Flanders Fields (it eardere Gent-Wevelgem).
De Vries wie al gau mei yn in ûntsnapping, dy't sa'n 200 kilometer foarop bleau.
De kopgroep krige lykwols noait in protte romte fan it peloton en op de Kemmelberg moast De Vries losse nei in fersnelling fan Mathieu van der Poel.
De wedstriid einige úteinlik yn in massasprint en dêryn wie Jasper Philipsen de sterkste.
sneon 28 maart
21:46
LDODK wint sels en hat thúsfoardiel yn heale finale
In plak yn de play-offs wie al wis foar de kuorballers fan LDODK, mar no binne se ek wis dat se de heale finale thús spylje.
Dêrfoar moast LDODK sels winne yn Harderwijk. Tsjin Unitas/Perspectief waard it 17-23. Jurjen Veenstra wie mei fiif punten de grutte man foar de ploech.
Fierder wie it mooglike thúsfoardiel ôfhinklik fan potinsjeel puntferlies fan DVO. Dy ploech ferlear mei 20-23 fan koprinner Fortuna.
Dêrtroch spilet LDODK yn de heale finale yn de eigen sporthal.
16:54
Pynlik ferlies ONS Snits
ONS Snits hat mei grutte sifers ferlern fan WHC. Yn Snits waard it 0-4.
Foar it skoft skoarden Max Leeflang en Jasper Bremmer foar de besikers.
Jurian van den Brink makke nei de tee de 0-3 en troch in eigen goal fan Mounir Loolofs waard it sels 0-4.
Troch it ferlies sakket ONS nei it fjirtjinde plak yn de fjirde divyzje.
16:41
Casparij skoart foar Manchester City
Kerstin Casparij fan It Hearrenfean hat mei in doelpunt in wichtige ynbring hân yn de oerwinning fan har klup Manchester City op Manchester United.
De Manchesterderby einige yn 0-3 foar City. Casparij makke de lêste goal. In oare Nederlanner, Vivianne Miedema, wist de oare twa doelpunten te meitsjen.