Omrop Fryslân

Ein oan profesjoneel basketbal yn Ljouwert: LWD Basket skriuwt him net yn foar nije seizoen

Basketballers fan LWD Basket
© Dijks Media
It bestjoer fan LWD Basket hat besletten de klup net yn te skriuwen foar it kommende BNXT-seizoen. Dêrmei komt nei 23 jier in ein oan it profesjoneel basketbal yn Ljouwert.
Hoewol't de klup de ôfrûne trije jier sportyf goed prestearret, is it neffens it bestjoer finansjeel en organisatoarysk in te grutte útdaging om ek takom seizoen diel te nimmen oan de BNXT-kompetysje.
De formele en definitive ynskriuwing by de BNXT-league moat foar 1 april barre en dêr hat LWD Basket fan ôfsjoen.

Finansjeel in drege striid

Neffens it bestjoer fan LWD Basket is it finansjeel dreech om de race mei de top fan Nederlân en België fol te hâlden.
Der is neffens harren in grut budzjetferskil yn de kompetysje en it slagget net om yn Fryslân mear sponsors en mear fans oan harren te binen dy't de hege kostestruktuer ôfdekke kinne.
"De basketbalmarkt in Nederland is klein en in Friesland nog kleiner, waardoor groei in budget lastig is", ljochtet bestjoerslid Gert Schurer ta. "Daarnaast gaan de kosten waar wij geen invloed op hebben erg snel omhoog."
LWD Basket makket it rinnende seizoen, wêryn't it op dit stuit fjirde stiet op de Nederlânske ranglist, wol gewoan ôf.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.