Omrop Fryslân

Oanspielde brúnfisk fan It Amelân ynsliepe litten

De ferwûne brúnfisk
© RTZ & Dierenambulance Ameland
De dolfine-opfang yn Anna Paulowna hat de brúnfisk ynsliepe litten dy't woansdei by It Amelân oanspielde. Dat beslút is naam om fierder lijen te besparjen.
De diere-ambulânse fan It Amelân wie fuortendaalks yn aksje kaam om de brúnfisk op te heljen. Mei help fan de KNRM waard de it bist nei de oare kant fan de Waadsee ferfierd.
By oankomst is de brúnfisk ûndersocht, mar it die bliken dat er der net net bêst oan ta wie. It bist wie ferwûne ûnder it linkereach. Dêrom folge eutanasy.
De ôfrûne wiken binne meardere brúnfisken oanspield oan de Nederlânske kust. SOS Dolfijn fersoarget op it stuit fiif brúnfisken.
De diere-ambulânse seit eltsenien tank dy't meiholpen hat om de brúnfisk yn need te helpen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.