Liveblog | 26 maart

Oanspielde brúnfisk fan It Amelân ynsliepe litten

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje. Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.

Lêst bywurke: 26 maart, 12:09
12:09

Alwer in seinsteuring tusken Hurdegaryp en Ljouwert

Op it spoar tusken Hurdegaryp en Ljouwert rieden in skoftlang minder treinen troch in seinsteuring. Ek wie der sprake fan fertraging.
Krekt nei 13.30 oere wie de steuring wer oplost. In wike lyn spile dit probleem ek al.
11:36

Oanspielde brúnfisk fan It Amelân ynsliepe litten

De ferwûne brúnfisk
© RTZ & Dierenambulance Ameland
De dolfine-opfang yn Anna Paulowna hat de brúnfisk ynsliepe litten dy't woansdei by It Amelân oanspielde. Dat beslút is naam om fierder lijen te besparjen.
De diere-ambulânse fan It Amelân wie fuortendaalks yn aksje kaam om de brúnfisk op te heljen. Mei help fan de KNRM waard de it bist nei de oare kant fan de Waadsee ferfierd.
By oankomst is de brúnfisk ûndersocht, mar it die bliken dat er der net net bêst oan ta wie. It bist wie ferwûne ûnder it linkereach. Dêrom folge eutanasy.
De ôfrûne wiken binne meardere brúnfisken oanspield oan de Nederlânske kust. SOS Dolfijn fersoarget op it stuit fiif brúnfisken.
De diere-ambulânse seit eltsenien tank dy't meiholpen hat om de brúnfisk yn need te helpen.
06:31

Houten skuorre yn 'e brân by De Heide yn Sint Nyk

De brânwacht fan Sint Nyk moast betiid fan bêd
© NoorderNieuws
Yn Sint Nyk hat tongersdei koarte tiid brân west yn in houten skuorre njonken in hûs.
De brânwacht waard om 06.00 oere hinne oproppen en ried fluch út nei De Heide.
Der kaam aardich wat reek frij by de brân, mar troch it flugge yngripen fan de brânwacht wie it fjoer ek wer gau út.
It dykje troch de buorskip hat koarte tiid ôfsletten west.
06:30

Goeiemoarn

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze: