Nei ierappels en woartels bliuwt der no ek in boer mei splitearten sitten: "Groothandels denken het voor niets te krijgen"
Hearst it de lêste tiid wol gauris: boeren dy't harren produkten net kwyt kinne. It spilet no ek yn Mullum.
Dêr hat bouboer Wim Kroon noch 100 ton splitearten yn syn loads lizzen. Mar hy hat der no in bestimming foar.
Neffens Kroon kriget hy gjin earlike priis foar de earten.
Earder oerkamen boer Bram Joostema út Minnertsgea mei syn woartels en de bruorren Sinnema út Dronryp mei harren ierappels wat soartgelikens.
"We leven tegenwoordig in een geliberaliseerde markt", seit Kroon.
As der te folle fan in produkt is, wurdt der minder foar betelle. "De groothandels denken dat ze het dan voor niks krijgen, niet van mij."
Kroon wegeret syn splitearten ûnder de kostpriis te ferkeapjen. Dêrom hat er besletten om 20 ton te donearjen oan de Fryske Rijders, in organisaasje dy't iten en helpguod nei Oekraïne bringt.
"Ik denk dat die mensen er meer plezier van hebben dan wij hier", seit Kroon.
Boer Bram Joostema en de bruorren Sinnema holden in aksje om harren produkten streekrjocht oan konsuminten te ferkeapjen.
Dat sjocht Kroon net sitten.
"Voordat ik een ton spliterwten kwijt ben dan sta ik de hele dag te 'suteljen"', lacht hij. "Zoveel heb je er niet nodig om een pan snert te maken."