De bruorren Sinnema reitsje tûzenen ierappels dochs kwyt: aksje ‘Red de pieper’ is grut sukses
De bruorren Sinnema sieten mei in grut probleem: se koene sa'n 200.000 kilo ierappels net ferkeapje. In klant út Spanje soe de ierappels ophelje, mar in wike foardat it safier wie, luts er him werom.
Dêrnei fûnen de Sinnema's in klant yn Portugal, mar ek dat gie mis. Nei't it ek ferkeard gie mei in klant yn Kroäsië, hawwe de mannen besletten om de ierappels sels yn de ferkeap te dwaan.
"Doe haw ik myn skoansus belle, sy wurket yn de kommunikaasje", fertelt Foppe Sinnema. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers. Tegearre mei syn bruorren betochten se de aksje 'Red de pieper'.
Drive-thru op de pleats
Foar dizze aksje waard op de pleats oan de Eastryp, krekt bûten Dronryp, in drive-thru opset. Minsken koene hjir maklik ierappels ophelje of keapje. Betiid yn de moarn wie it al drok op de pleats.
Ek de Friesche Rijders voor Oekraïne kamen del. Sy namen mar leafst tûzen kilo ierappels mei. Dizze wurde de kommende dagen nei Oekraïne brocht.
Dêrneist koene besikers de ierappels ek donearje oan de itensbank. Dat waard ek in soad dien.
In sukses
De drive-thru wie dus in sukses. "Wy binne no al sa'n 16.000 kilo kwyt", seit Sinnema grutsk.
It giet om ierappels fan it ras Agria, dy't normaal sprutsen as poatguod brûkt wurde, mar ek prima geskikt binne foar de konsumint.
De aksje brocht net allinnich wat op, mar soarge ek foar in gesellige dei. Sa stie der ek in patatkream op de pleats. By elke pûde ierappels krigen besikers in weardebon foar in fergees bakje patat.
De aksje brocht ek wer positive oandacht foar de koarte keten: direkt keapje by de boer.