In sikehûs op batterijen: Nij Smellinghe wol yn 2027 folslein fan it gas ôf
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat ynkoarten in primeur. As earste sikehûs yn Nederlân stapt Nij Smellinghe fan it gas, om dêrnei draaien te bliuwen op twa grutte waarmtebatterijen.
De batterijen binne ûntwikkele op in pleats ûnder de reek fan Zwolle. "Het werkt en we gaan het gewoon doen", seit Hans Wolters, de betinker fan de batterij.
Op dit stuit draait it sikehûs foar in part op ierdgas. Mar it wol in stap sette yn de enerzjytransysje en CO₂-neutraal wurde.
Primeur foar Drachten
Dêrmei is Nij Smellinghe in trendsetter. No noch draaie alle sikehûzen yn ús lân op gas, mar yn Drachten wolle se sjen litte dat it oars kin. Dat wol it dwaan mei in systeem dat nij is en no foar it earst bûten in proefopstelling brûkt wurde sil.
Sa hopet it sikehûs wis te wêzen fan enerzjy, ek as der net in soad sinne of wyn is of at it stroomnet krap is.
"Tige betrouber"
De plannen roppe ûnder it personiel foarearst de nedige fragen op. Hoe betrouber is dat nije systeem, freegje sy harren ôf. Mar dy eangst is net nedich, seit Wolters. Hy neamt it systeem "tige betrouber".
De pasjint sil der dan ek neat fan fernimme, sizze se by Nij Smellinghe.
De waarmtebatterij hjit de PowerStove. Yn in stâl njonken de wenpleats fan Wolters is er al te sjen. De batterij is 8 meter lang, 3 meter breed en 3,5 meter heech.
Fan efter in muorre binne de kealtsjes noch te hearren: "Die zijn van mijn zoon, de boerderij draait gewoon door."
Al hast trije jier steuringsfrij
Dêr't syn soan buorket, wurket Wolters sûnt 2020 mei syn bedriuw Heatwacht oan de batterij.
Sûnt hy him yn 2023 oanset hat, draait it systeem steuringsfrij.
"Dit systeem staat hier op ware grootte en is getest. We hoeven hem alleen maar te kopiëren."
Dat is wat makliker sein as dien, wit Wolters sels ek. Mar yn de basis wurket it allegear hiel simpel.
De elektrisiteit dy't it sikehûs opwekt mei de sinnepanielen giet de batterij yn. Dy waarmte dy't opwekt wurdt, giet werom it sikehûs yn.
"Het ziekenhuis draait 24 uur per dag en heeft veel energie nodig", fertelt Arno Vredevoort, dy't by it sikehûs oer it technysk behear giet. "Het is enerzijds best spannend, maar het systeem werkt. Het kan niet misgaan."
De PowerStove kin waarmte lang fêsthâlde. Foar Nij Smellinghe is trije, fjouwer dagen genôch.
Mocht it systeem útfalle, seit Vredevoort, dan kinne yn sokke needgefallen de âlde stoomtsjettels brûkt wurde. Dy kinne draaie op biodisel. Mar dat is net wat se wolle.
Yn Nij Smellinghe wolle se foarút, seit Vredevoort.
285.000 kúb gas
Se wolle dan ek ôf fan de lêste 285.000 kúb gas dy't no noch brûkt wurdt. Dat stiet lyk oan it jierferbrûk fan sa'n 275 húshâldens.
"We zijn een partij met lef. We durven dit en willen een voorbeeld zijn voor andere ziekenhuizen."
By it Drachtster sikehûs binne se al skoften dwaande mei it ferduorsumjen.
Dat moat ek wol, seit Vredevoort. As lytser sikehûs moatte se altyd op syk nei ynnovaasje dêr't eltsenien yn it sikehûs fan profitearje kin. Oeral wêr't it kin, lizze dan ek sinnepanielen.
Krisis
Mei de krisis yn it Midden-Easten en de hieltyd djoerder wurdende enerzjy liket it sikehûs in foarútsjende blik hân te hawwen.
"We hebben een tijd geleden een energievisie gemaakt. Daar stond de warmtebatterij al in. Dat plan volgen wij nu", seit Vredevoort.
Hoe wurket it krekt?
De waarmtebatterij is folle mei izererts. Dat wurdt elektrysk opwaarme nei 360 graden. De frijkommende hjitte wurdt brûkt foar it meitsjen fan stoom.
No wurdt dat noch dien mei gas. Troch de batterij oan te sluten op it besteande liedingnet kin it troch it sikehûs hinne ferfierd wurde. De PowerStove slút oan op de besteande systemen, mei stoom, waarm wetter, kuolling en hite lucht.
De PowerStove moat wol tritich jier meikinne. It izererts kin dêrnei recycle wurde.
Hans Wolters tinkt dat de waarmtebatterij in goede takomst hawwe kin.
"Wij willen de markt van grootverbruikers hierin voorzien, bedrijven die veel gas gebruiken."
Fan it gas ôf
Ek sokke grutferbrûkers kinne fan it gas ôf, sa is Wolters fan betinken. "Met vereende krachten kan dat en gaat het ook gebeuren. Dat is zeker."
Hoewol't it bedriuw Heatwacht noch lyts is, hat Wolters al in ûndernimmer út Rijssen efter him stean.
Grutte enerzjyleveransiers binne ek nijsgjirrich: "Essent, Vattenfall, Liander; allemaal zijn ze langs geweest en zien zij potentie."
Mar earst Nij Smellinghe. Foar de simmer set de oanlis útein. Takom maitiid draait de waarmtebatterij en kin de gaskraan ticht, sa is de bedoeling.