Omrop Fryslân

Kinne wy trije dagen (of langer) sûnder wetter? Nei 24 oeren needplan yn wurking

Der komt eins altyd wetter út de kraan
© Vitens
De oerheid docht der in soad oan om ús ta te rieden op alderhande needsenario's. Yn in rige artikels besjogge we gefolgen fan dy senario's. Wat bart der bygelyks as der 72 oeren lang gjin wetter út de kraan komt?
It wie twadde krystdei 2025. In grut part fan Drachten en omkriten siet moarns betiid oerenlang sûnder wetter. Omdat it gie om in brek yn in haadlieding wiene de gefolgen grut.
Fytspaden waarden ôfsluten, omdat der sân oerhinne spielde. Boppedat duorre reparaasje dêrtroch langer.
Ynwenners fan Drachten wisten net hoe fluch se by in supermerk komme moasten om wetter yn te slaan. Dêr wie it al betiid drok mei minsken dy't gjin ekstra foarried yn hûs hiene.
Foar njoggenen stiene minsken al yn de rige foar noch tichte supermerken. Hast oeral wie it wetter binnen in kertier útferkocht. Der wie net genôch foar eltsenien.
Wetter hamsterje op twadde krystdei yn Drachten
© BTBmedia
Lang net eltsenien hie dus in eigen needfoarried en lang net eltsenien wie op tiid om in foarried wetter yn te slaan.
De oerheid advisearret om yn gefal fan in langer duorjende wettersteuring foar 72 oeren wetter yn hûs te hawwen. Mar wat is dan genôch?
Men giet út fan trije liter deis per persoan en dus njoggen liter per persoan foar 72 oeren.
It oantal ynwenners fan Fryslân leit boppe de 650.000. Dat soe betsjutte dat alle Friezen opteld seis miljoen liter op foarried hawwe moatte.

Sikehûs nea sûnder wetter

It ynsidint liet ek sjen dat guon ynstellings wol goed taret wiene. Sikehûs Nij Smellinghe makke gebrûk fan in eigen needfoarsjenning.
Dat wie genôch foar dizze relatyf koarte steuring, mar it is de fraach of it ek genôch is foar 72 oeren.
"Dat is het", seit Ellen de Jong fan it sikehûs. "Wij hebben ons eigen zwembad van vijfentwintig bij zes meter. Daar gaat 200.000 liter water in."
Dy foarried is genôch foar twa trochdewykse dagen.
"Op feestdagen en in weekenden zou het genoeg moeten zijn voor drie dagen", seit De Jong. "Dat water blijft met het oog op de hygiëne altijd in beweging en we nemen regelmatig watermonsters."
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten
© Annemarie Fotografie
Kontraktueel is fêstlein dat der, as de steuring nóch langer duorret, in tankwein begjint te riden dy't farsk wetter leveret.
"In principe kunnen wij dus nooit zonder water komen te zitten", seit De Jong. Ek de oare Fryske sikehûzen hawwe sa'n kontrakt.

Win in needradio

Mei yngong fan dit jier jouwe wy alle moannen op de earste moandei fan de moanne omtinken oan de fraach 'Wat te dwaan yn needsituaasjes?'
Dat dogge wy troch op dy moandei in needradio fuort te jaan op de radio, mar ek mei in rige nijsgjirrige artikels op ús webside en radio-items oer fragen as: 'Wat as ik 72 oeren sûnder wetter kom te sitten?' Of: 'As it gsm-ferkear platleit, kinne wy ús dan anno 2026 noch wol rêde?'
Wat moatst dwaan?
As op de earste moandei fan fan de moanne de sirene klinkt, app dan it wurd needradio nei 06 20 499 199 of ferstjoer it fia de Omrop App. De winner wurdt bekendmakke op de radio yn it programma No yn Fryslân (12.00-13.00).
In grutte, regionale steuring soe wol problematysk wurde kinne. De Jong: "Dan moet die tankwagen wel heel snel en heel vaak heen en weer rijden tussen de ziekenhuizen."

Domino-effekt

In wettersteuring dy't langer duorret as in pear oeren feroarsaket in soarte fan domino-effekt. In soad minsken hawwe wol wat flessen wetter yn hûs, mar net genôch foar meardere dagen.
Húskes kinne net trochspield wurde, hannen kinne net wasken wurde, dûse kin net, de waskmasine en de ôfwaskmasine dogge it net dus hygiëne wurdt al gau in probleem.
Mei om dy reden soene restaurants en bedriuwskantines al tichtgean.
Brânkranen ferlieze druk wêrtroch't by in grutte brân de brânwacht ôfhinklik is fan iepen wetter fierderop. Dat kin yn guon gebieten in probleem wêze en boppedat kostet it ekstra tiid.
Fabriken dy't wetter brûke foar de produksje of kuolling, kinne net fierder, wat ek wer ekonomyske gefolgen hat.
En guon cv-tsjettels skeakelje ôf as der te min wetterdruk is.

Needdrinkwetter

En dat binne noch mar de earste fjouwerentweintich oeren.
Duorret it noch langer, dan wurdt troch it gebrek oan hygiëne de kâns op ynfeksjesykten grutter.
Nei 24 oeren komt de oerheid yn aksje. Needdrinkwetterfoarsjenning binne neffens it Drinkwater Platform ûnderdiel fan it needplan fan de Veiligheidsregio's.
Sa'n foarsjenning wurdt ynstallearre as earne 24 oeren of langer gjin drinkwetter beskikber is of dy situaasje driget te ûntstean.
Vitens yn 't spier by liedingbrek yn Drachten
© BTBmedia
Der binne tsien wetterbedriuwen yn Nederlân. Dy bringe om de fjouwer jier risiko's en gefaren yn kaart.
Dan kin it gean oerstreamings, natoerbrannen en drûchte, mar ek om moedwillige drigings as sabotaazje of cyberoanfallen.
De systemen binne taret op bygelyks in grutskalige hack. De produksje kin hânmjittich altyd trochgean.
Vitens is it bedriuw dat wetter leveret oan Fryske húshâldens en bedriuwen. It bedriuw is der op taret om tsien dagen sûnder stroom noch wetter te leverjen.
De measte produksjelokaasjes hawwe in aggregaat om needstroom op te wekken.
"Wij zijn erop ingericht dat we in elk geval meerdere dagen door kunnen met drinkwater maken én leveren", seit wurdfierder Rik Dogger fan Vitens. "Meer in detail kan ik daar niet op ingaan, omdat dat zou raken aan de beveiliging en veiligheidsvoorschriften rondom onze locaties."

Wat bart der nei 24 oeren?

Komt de levering fan drinkwetter dochs yn gefaar, dan lizze der needsenario's op de planke.
"Als drinkwater langer dan 24 uur niet meer via het normale leidingnet geleverd kan worden, wordt er een alternatieve drinkwaterlevering in gang gezet", seit Dogger. "Om deze maatregel goed uit te kunnen voeren is het Nooddrinkwaterplan opgesteld dat de uitrol van de nooddrinkwatervoorziening beschrijft."
De útfiering fan dat needplan is in taak fan gemeenten en Vitens.
"Nooddrinkwater wordt dan lokaal gedistribueerd", neffens Dogger. "Dat is water dat bestemd is voor consumptie en voedselbereiding van de particuliere consument ter vervanging van de normale levering door middel van het distributienet. De wettelijke norm is de distributie van 3 liter per persoon per dag."
Vitens leit der krekt as de oerheid de klam op dat it ferstannich is om in needpakket yn hûs te hawwen mei genôch wetter, ek foar de húsbisten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.