Omrop Fryslân

Untslach fan de direkteur, argewaasje oer de keatswant en tefolle jild útjûn; Coos Veltman hat nochal wat útdagings

Coos Veltman
© Martin de Jong
It ûntslach fan de direkteur, argewaasje oer keatswanten en der is te folle jild útjûn. Der binne nochal wat útdagings foar KNKB-foarsitter Coos Veltman, dy't gjin maklike funksje hat.
Begjin maaie set it keatsseizoen útein. Wylst de measte leden gewoan wer it fjild opgean, is der efter de skermen fan alles oan 'e hân.
Om in helder byld te sketsen, earst efkes in koarte útlis oer hoe't it keatsbûn organisearre is.
Der binne sa'n 10.000 leden ferdield oer 108 ferienigings. Hjirboppe stiet in bestjoer mei fiif meiwurkers ûnder leiding fan in direkteur. Dat wie Dirk Jan van der Woud, mar dy krige yn desimber dien. No is Jan van Erve de ynterim-direkteur.
Dêrneist is der in beliedsferantwurdlik bestjoer mei sân frijwilligers. Coos Veltman is de foarsitter, mei him prate we yn oanrin nei it nije seizoen.
Om fuort mei it grutste knyppunt te begjinnen. Jo moasten in beslissing nimme oer it funksjonearjen fan Van der Woud. Hoe sjogge jo werom op syn ûntslach?
"It wie dúdlik net de moaiste dei foar it Fryske keatsen. It is gien sa't it gien is. We hawwe ek sjoen nei oft we saken oars dwaan moatten hienen."
Wiene der saken dy't jimme oars dwaan moatten hienen?
"Nee, dat wit ik net."
Steane jo noch altyd efter it beslút?
"Jawis."
Ald-direkteur Dirk Jan van der Woud
© Omrop Fryslân
Wêrom moasten jimme dit beslút nimme?
"We hawwe altyd alles dien yn it belang fan it keatsen. En fierder sette we in punt derefter."
Jo wolle der fierder neat mear oer sizze?
"Nee, we hawwe ôfpraat dat net mear te dwaan. Dat hawwe we fan beide kanten ôfsprutsen nei de rjochtsaak. Juridysk sjoen meie we hjir neat mear oer sizze."
Litte jo no net romte oer foar suggestive ferhalen? It bliuwt wat mistich.
"Der kinne allegear yndianeferhalen rûngean en dy binne meastal net wier."
Binne der foarbylden fan yndianeferhalen?
"Nee, dêr wol ik net op yngean, want dan krijst ek wer allegear ferhalen."
Komt der wol in nije direkteur of binne der ek oare opsjes?
"Alle opsjes lizze iepen. We wurkje ek gear mei Sport Fryslân hjiryn."
Dan oer nei de finânsjes. De KNKB hie yn 2025 in ferlies fan 174.834 euro.
"Ja, dat is in flinke."
Hoe ferfelend is dat?
"Hartstikke ferfelend. Dat we allegear tekoart sjitte."
Op de personielskosten giene jimme mei 64.000 euro oer de begrutting hinne.
"Dêr sit in part yn de ferfanging fan Dirk Jan van der Woud yn en syn ûntslachfergoeding."
Dan stiet der noch in post fan 35.000 euro op kommunikaasje, promoasje en represintaasje.
"Dat sit foar in grut part yn de nije webside. Dat hat mear koste as we tochten. Dat is út de klauwen rûn."
Seagen jimme guon finansjele ôffallers net oankommen?
"We hawwe it te let sjoen. Der kamen allegear saken oan, dêr't we as bestjoer net fan op 'e hichte wiene. Hjir hawwe we flink pine yn 'e búk fan."
Hoe kin it dan dat dat ferline jier net bard is?
"Dat wit ik net. We hawwe foar 2026 maatregels naam wêrtroch't we 75.000 euro oerhâlde wolle."
Coos Veltman wie kening by de PC yn 1994
© Omrop Fryslân
Kloppet it dat jimme fan doel binne om yn de haadklasse werom te gean fan tsien nei acht partoeren?
"Dat is gjin útmakke saak. We hawwe sjoen dat der te min partoeren binne op de twadde klasse. It idee is om acht partoeren yn de haadklasse ta te litten, ek acht yn de earste en twadde klasse. Wy hoopje dat der dan ek mear jeugd spylje kin."
Mar dat is noch net wis?
"Nee. We hawwe dit op guon regiogearkomsten oanjûn."
En is dêr reaksje op kaam?
"Nee. De keatsers hawwe wol reagearre út namme fan de spilersried. Dêr moatte we noch mei yn petear."
Is it dan no dúdlik oft it tsien of acht partoeren wurde?
"Nee, dat is noch net dúdlik."
It haad wedstriidsaken fan it KNKB seit dat it al wis is dat de wedstriden weromgean nei acht partoeren. Hoe kin dat?
"Dat wit ik net. Mar it is noch net besletten."
Hy rint dus foarút op de saken?
"Dat binne dyn wurden."
Twa jier lyn seinen jim al dat de wedstriidaginda feroarje sil. Dat is oant no ta net slagge. Hoe kin dat?
"Der binne keatsers dy't twa kear yn 'e wike keatse wolle, dy wolle punten helje. Oan de oare kant binne der jonge keaters dy't ien kear yn 't wykein genôch fine. Dêr moatst nei sjen."
"En elke feriening wol fansels syn eigen plak. It knypt by de merken om it keatsen hinne."
"We hawwe in begjin makke mei de enkête dy't ôfrune winter útset is. Mei de resultaten dêrfan sille we dit jier fierder."
Wolle jo it leafst sels nei ien kear yn de wike?
"Dat hoecht fan my net. Mar it giet om it 'samenspel'. We moatte each hawwe foar wat de ferienings en keatsers wolle."
De keatswant fan Cornelis Terpstra
© Omrop Fryslân
In oar tema, de keatswanten. Der binne trije persoanen dy't in lisynsje hawwe om wanten te meitsjen. Ald-keatser Cornelis Terpstra is dêr ien fan. Der wie in plan om by de pupillen te keatsen mei de nije wanten fan Terpstra.
"Dat soe. We hawwe it der yn novimber oer hân. We hawwe dy want evaluearre. De fingers sieten fêst, we sjogge nei it switten en de geur en nei de hurdheid. Doe hawwe we besletten dat we de want better meitsje moatte. En kinne we folgjend jier sjen oft de welpen en de pupillen dermei keatse."
Dus dit jier bart dat noch net?
"Nee."
Wy hawwe begrepen dat Cornelis Terpstra 50 wanten meitsje sil foar 12.500 euro.
"Dat binne dan djoere wanten."
Kloppet dat?
"Ik wit dy sifers sa net. Mar it kloppet wol dat er 50 wanten meitsje sil. Der is jild beskikber sadat hy de want fierder ûntwikkelje kin."
Cornelis Terpstra
© Omrop Fryslân
Is der noch wat dat jo de keatswrâld meijaan wolle?
"Ik tink dat it hiel belangryk is om de jeugd derby te hâlden. Dat we goed sjen moatte nei de webside. Mar ek nei de social media."
"En we moatte goed sjen nei de lytse ferienigings. Dy moatte we derby hâlde. Goed sjen nei de breedtesport-funksje."
Is it soms dreech?
"Kinst net elkenien tefreden hâlde. Mar sjoch, keatsen is emoasje. Dat sit hiel djip. Dan is de rede ek wolris fuort."
"As we wat feroarje wolle, dan fynt elkenien der wat fan. Dan kinst sizze: beslis dat gewoan. Mar draachflak is ek belangryk."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.