Ofskied direkteur KNKB komt net samar: "Der is in arbeidskonflikt"
De ferhâldingen tusken direkteur Dirk Jan van der Woud en inkelde leden fan it bûnsbestjoer fan it KNKB stiene al wat langer ûnder druk. "It personiel fan it bûnsburo soe ek klage ha by it bestjoer", seit keatsferslachjouwer Geert van Tuinen.
"Der binne allinne mar ferliezers", fertelt Van Tuinen. "It KNKB hat gjin direkteur mear. En de direkteur komt der skansearre út."
It bûnsbestjoer fan it keatsbûn makke sneon op harren webside bekend dat sy besletten ha om ôfskied te nimmen fan Van der Woud. Hy hat syn taken op harren fersyk fuortendaliks dellein.
Konflikt
Foarsitter Coos Veltman fan it KNKB wol net reagearje op de kwestje, mar neffens keatsferslachjouwer Geert van Tuinen moat it twongen ôfskied fan de direkteur socht wurde yn de konfliktsfear.
"Der kamen de lêste wiken nochal wat sinjalen binnen fan in konfliktsituaasje tusken Van der Woud en it KNKB. De posysje fan Van der Woud stie ûnder druk. Guon bestjoersleden fûnen dat it net goed gie en dat der wat barre moast."
Net allinne op bestjoerlik nivo, mar ek op it bûnsburo yn Frjentsjer wiene al in skoft spanningen, neffens Van Tuinen. "It personiel soe ek klage ha by it bûnsbestjoer."
De kommende tiid sil Jan van Erve ynterim-direkteur fan it KNKB wêze. Dat die hy earder ek nei't de eardere direkteur, Marco Hoekstra, ein 2023 ôfskied naam.
Ferklearring KNKB
"De afgelopen periode is geconcludeerd dat er een verschil van inzicht is ontstaan over de vraag in hoeverre de vertaalslag van hobby en betrokkenheid naar professioneel beleidsmatig leiderschap tot stand is gekomen. Er is een situatie ontstaan waarbij er onvoldoende draagvlak is om verder met elkaar te gaan", sa falt te lêzen op de webside fan it keatsbûn.
Van der Woud wie pas sûnt febrewaris ferline jier direkteur. Neffens Van Tuinen wie dat syn grutte dream. "Hy hie ek alris earder sollisitearre, doe't Hoekstra úteinlik direkteur waard."
Hoe't it tusken it KNKB en Van der Woud fierder giet, is op dit stuit ûndúdlik. "Der is in arbeidskonflikt", seit Van Tuinen. "Faak komt der dan in fêststellingsoerienkomst; it is in juridyske kwestje wurden."