Omrop Fryslân

Ringo Meerveld is de man by Hearrenfean: "Een wereldgoal? Vind ik ook"

Ringo Meerveld
© Orange Pictures
In punt tsjin de nûmer trije fan de earedivyzje, dêr kinne se by sc Hearrenfean wol mei libje. De wedstriid yn Nijmegen tsjin NEC wie in spektakelstik en dat wie mei te tankjen oan in prachtgoal fan Ringo Meerveld.
Dat er rap wie, wist elkenien by sc Hearrenfean wol. Mar dat Ringo Meerveld mei de bal yn in rush fan 50 meter rapper wie dan syn tsjinstanner, kaam as in ferrassing.
"In de trainingen doen we vaak sprints op honderd procent en dan rollen er goede statistieken uit, maar blijkbaar kan ik het ook met bal", seit Meerveld.
Hy makke de 1-2 krekt foar it skoft nei't de thúsploech yn de earste 25 minuten sterker wie. Mei de goals fan Jacob Trenskow en Meerveld let yn de earste helte, stie sc Hearrenfean healweis op foarsprong.
Ringo Meerveld oer syn wûndergoal
"Een verdediger rende mee, de hoek naar de goal werd steeds kleiner", beskriuwt Meerveld syn goal. "Ik zag de keeper een paar meter voor zijn goal staan en besloot te stiften."
"Een wereldgoal? Ja, dat vind ik zelf eigenlijk ook wel. Dit is zeker mijn mooiste goal tot nu toe."

'Over my dead body'

Yn de twadde helte krige Hearrenfean grutte kânsen om de 1-3 te meitsjen, mar ynstee dêrfan waard it 2-2 troch in twadde goal fan Tjaronn Chery.
Robin Veldman koe libje mei in punt, mar wie benammen bliid mei de mentaliteit fan syn manlju.
"In de bespreking voor deze wedstrijd heb ik aangegeven dat er meer een 'over my dead body'-mentaliteit in moest", seit Veldman.
"Tegen je aan laten schieten, blokken, je man volgen, contact houden met je man. Maar ook de structuur houden op het moment dat we eruit komen."
Robin Veldman kin libje mei in punt tsjin NEC
"Ik vind dat we daarin gegroeid zijn", giet Veldman fierder. "Doordat we weinig gewisseld hebben dit jaar, hebben we ook een duidelijk speelplan."
Yn de earste tweintich minuten fan de wedstriid hie Hearrenfean gjin grip op it spul fan NEC. "We gingen te veel mee in het directe spel van NEC."
"Na twintig minuten kregen we met Meerveld en Trenskow een mannetje vrij op het middenveld en hadden we meer rust om te spelen."
De lykmakker fan NEC yn de twadde helte kaam út balferlies op it middenfjild. "Lullig", seit Veldman. "Als je over de hele wedstrijd kijkt, had ik stiekem het liefst 1-3 gezien. Maar als je realistisch bent, is 2-2 mooi meegenomen."

Debutant Egbring makket 90 minuten

Troch de skorsing fan Oliver Braude makke Mats Egbring syn debút yn de basis by Hearrenfean.
De 19-jierrige fuotballer spile in knappe wedstriid, al hie der it wol dreech yn de lêste minuten. "Aan het eind was het zwaar, maar dan moet je er even door in de laatste minuten."
Debutant Mats Egbring is tefreden
"Ik kijk wel tevreden terug", seit Egbring. "Af en toe kon het iets beter, maar ik had een aardig deel van de wedstrijd vroeg de druk erop."
Egbring stie tsjinoer Basar Önal en dat smiet moaie duels op. "Hij moet niet te veel ruimte krijgen, maar dat waren mooie momenten."
It spul gie op en del yn it Goffertstadion en dat makke it in swiere pot foar de debutant. "In balbezit kon ik mooi mee voetballen, maar tegelijkertijd moest ik ook tijdig terug zijn als er weer verdedigd moest worden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.