Liveblog | 22 maart

Lês werom: Hearrenfean hâldt punt oer oan spektakelstik tsjin NEC Nijmegen (2-2)

sc Hearrenfean spile sneintemiddei mei 2-2 gelyk tsjin NEC Nijmegen. Lês hjir it bloch oer de wedstriid werom.

Lêst bywurke: 22 maart, 14:12
14:12

Hearrenfean hâldt punt oer oan spektakelstik tsjin NEC Nijmegen (2-2)

Ringo Meerveld ûnderweis nei de 1-2
© Orange Pictures
sc Hearrenfean hat in punt oerholden oan in bysûnder oantreklik duel tsjin NEC Nijmegen. Benammen de wûndergoal fan Ringo Meerveld wie memorabel.
Hearrenfean hie it earste healoere gjin antwurd op it oanfallende spul fan de Nijmegenaren. De 1-0 fan Tjaronn Chery yn de njoggentjinde minút kaam dêrom ek net as in folsleine ferrassing.
Hearrenfeantrainer Veldman feroare it fjildspul fan syn ploech dêrnei mei de beide backs dy't in stik mear nei foaren kamen te stean.
Dat die fertuten, want yn de 37e minút wie Jacob Trenskow de man dy't de 1-1 makke. Hy die dat út in foarset fan Zagaritis dy't ferkeard ynskat waard troch Nordas en foar de fuotten fan de bûtenspiler terjochte kaam.
Wûndergoal
Krekt foar it skoft sette Ringo Meerveld de wedstriid op syn kop mei in rush fan goed 50 meter en skeat de bal oer NEC-keeper Rijk Janse hinne.
Dêrmei stie it 1-2 foar de Friezen en moast NEC yn de efterfolging. Dat dienen se manmachtich, mar soarge der ek foar dat Hearrenfean in soad romte krige.
Under oaren Dylan Vente, Lasse Nordas en Meerveld hienen de 1-3 op 'e slof, mar slaggen der net yn om der noch ien yn te prikken.
Chery mei syn twadde
Dat waard ôfstraft troch NEC en wer wie it Chery dy't de goal makke. Mei in streep sette hy NEC op 2-2.
Yn de lêste tweintich minuten gie it spul op en del en wienen de bêste kânsen foar NEC, mar der waarden gjin goals mear makke.
Hearrenfean pakte sadwaande in punt tsjin NEC, dat noch altyd meidocht om in plak yn de Champions League.
14:10

It is dien! Hearrenfean hâldt in punt oer oan de moeting mei NEC

It einiget yn 2-2.
14:06

90' Fjouwer minuten blessueretiid

Dy gean no yn!
14:05

89' De lêste wiksel fan Veldman

Ringo Meerveld, de makker fan de 1-2, giet nei de kant en wurdt foar de lêste minuten ferfongen troch Luca Oyen.
By NEC is Lebreton nei de kant gien en is Koki Ogawa noch yn it fjild kaam.
14:03

87' Wer in grutte kâns foar NEC

El Kachati sjit fan bûten de sechtsjin meter, mar Klaverboer kin keare.
Krekt siet Mats Egbring op 'e grûn mei kramp, no hat ek Meerveld lêst.
14:01

85' NEC fiert de druk fierder op

It wurdt noch in minút as 7 buffelje foar de manlju fan Hearrenfean om it punt binnen te heljen.